Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Fjouwerpoatigen

Ut Wikipedy
Fjouwerpoatigen
De fjouwer libbene klassen fjouwerpoatigen: amfibyen, fûgels, sûchdieren en reptilen
De fjouwer libbene klassen fjouwerpoatigen: amfibyen, fûgels, sûchdieren en reptilen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
boppeklasse: fjouwerpoatigen (Tetrapoda)
autoriteit ûnbekend, <1912

De fjouwerpoatigen, fjouwerfuottigen of fjouwerfuotters (Latynske namme: Tetrapoda) foarmje in boppeklasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de boppestamme fan 'e nijmûnigen (Deuterostomata), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata). Ta dizze boppeklasse hearre sa'n 30.000 libbene soarten, mei dêrûnder de sûchdieren, fûgels, reptilen en amfibyen (mar net de fisken). Hoewol't men sizze kinne soe dat fûgels mar twa poaten hawwe, foarmje de wjukken it twadde pear, krekt sa't ek de "twafuottige" minske gewoan ta de fjouwerpoatigen heart. Ferskate subgroepen hawwe boppedat har poaten alhiel ferlern, lykas de slangen, wjirmhagedissen, walfiskeftigen en seekij.

Sa't de namme al oanjout, ûnderskiede fjouwerpoatigen har fan oare kaakdieren trochdat se twa pear lidden hawwe dy't har gewicht fan 'e grûn ôf hâlde. It tinken is dat dizze boppeklasse him sa'n 395 miljoen jier lyn yn it Devoan ûntwikkele hat. Hoewol't de measte fjouwerpoatigen tsjintwurdich op it lân libje, bestiet der net folle bewiis om 'e teory te ûnderstypjen dat de ierste fjouwerpoatigen ek lândieren wiene. Mei't harren poaten noch net genôch ûntwikkele wiene om har bealch fan 'e grûn ôf te tillen, en de fossile printespoaren net sa'n fuortslepen sjen litte, tinkt men dat de ierste fertsjintwurdigers fan dizze groep har poaten brûkten om oer de boaiem fan ûndjippe wetters te rinnen, krekt sa't bybelyks kikkerts dat no noch wol dogge.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.