Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Flashback

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer de ferteltechnyk. Foar oare betsjuttings, sjoch: flashback (betsjuttingsside).

In flashback (Ingelsk foar "weromflits") is de namme foar in technyk dy't yn literatuer, films en tillefyzjesearjes in protte tapast wurdt, wêrby't de lêzer of sjogger mei weromnommen wurdt yn it ferline, faak mei as doel om 'e sitewaasje út it fertelhjoed te ferklearjen of om dêr in beskate fisy op te jaan. Yn 'e regel binne flashbacks koart fan aard, sadat de lêzer of sjogger him derfan bewust bliuwt dat it hjirby om in útstapke nei it ferline giet.

Yn films en tillefyzjesearjes wurdt gauris gebrûk makke fan in oare ynkleuring fan 'e bylden om it ferskil tusken in flashback en it hjoed oan te jaan; sa kin in flashback yn in kleurefilm bgl. yn swart-wytbylden draaid wurde, of mei in patinakleuring (brunich). Soms wurdt ek in stadige oergong tusken it hjoed en de flashback skepen wêrby't it byld wazich en dan wer skerp wurdt, wat almeast mank giet mei in weistjerrend en dan wer oplibjend lûd of mei harpmuzyk. Yn literatuer, dêr't fansels net fan 'e boppeneamde audiofisuële techniken gebrûk makke wurde kin, wurde flashbacks ornaris fan 'e haadtekst ûnderskaat troch it ynfoegjen fan in wytregel en/of trochdat de flashback yn skeanskrift ôfprinte is.

Hoewol't flashbacks feitlik de gronology fan in ferhaal trochbrekke, betsjut dat net dat in ferhaal dêrom as net-gronologysk beneamd wurde kin. Want as de ferhaalsekwinsjes oangeande it fertelhjoed gronologysk oardere binne (dus yn 'e tiid nei inoar sa't se plakfine), wurdt nettsjinsteande it foarkommen fan flashbacks dochs sprutsen fan in gronologysk ferhaal. Allinnich as ek de haadsekwinsjes trochinoarhinne foarkomme is der sprake fan in net-gronologysk ferhaal (bgl. yn 'e syklus De Tandeloze Tijd, fan A.F.Th. van der Heijden).

In bysûnder plak nimt yn dit ferbân de ramtfertelling yn, wêrby't in ferhaal in "omlisting" troch in oar ferhaal hat wêryn't weromsjoen wurdt op it haadferhaal. De flashback is dêrby dus gelyk oan it haadferhaal, wylst de ramtfertelling sels as in foarútblik nei de takomst sjoen wurde kinne soe. Soks is bgl. bekend fan 'e film Braveheart, wêryn't oan it begjin en de ein in ferteller oan it wurd komt, earst om it ferhaal yn te lieden en oan 'e ein om te fertellen hoe't it fierder gie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.