Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Fleringastate

Ut Wikipedy

Fleringastate of Galemastate is in eardere state súdwestlik fan Menaam, gemeente Menameradiel, oan de Ljochtmisdyk 45. Op it steed fan de state stiet no in pleats.

Pleats Fleringastate (2008)

It boujier is net bekend. De namme Flaringa of Fleringa waard neamd yn 1501. Yn 1618 wurdt Gale fan Galema neamd en yn 1640 is it eigendom fan Joris Camp en yn gebrûk by Jan Yges Tiesma. Yn 1700 is it besit fan jonker Hector fan Glinstra, “oud Grietman over Tzietzerksteradeel” en is dan 80 pûnsmiet grut.

De pleats leit op in fanâlds tige grutte terp dêr't it meastepart fan oan it begjin fan de 20e iuw ôfgroeven is. Soks is yn it lânskip noch goed te sjen.

  • 1618 Gale fan Galema
  • 1640 Joris Camp, brûker Jan Yges Tiesma
  • 1700 Hector fan Glinstra, brûker Simke Hebbes Tjesma
  • 2007 J. van der Wal

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Skiednis fan Menameradiel, red. O. Santema en dr. Y.N. Ypma, 1972
  • Prekadastrale atlas van Fryslan troch J.A. Mol en P.A. Noomen