Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Fotyfskip

Ut Wikipedy
Tsjerkeskip yn 'e Bavotsjerke fan Haarlim

In fotyfskip of tsjerkeskip is in model fan in skip dat oan in tsjerke skonken is en dêr yn 'e regel yn it tsjerkeskip hinget. De skipsmodellen binne hast altiten fan hege kwaliteit en wurde meast oan it ferwulft ophongen, mar guon binne ek steande útstald.

De tradysje in fotyfskip te jaan komt út 'e midsiuwen en wie al in katolike wenst. Yn 'e 16e iuw wiene skipsmodellen ek bûten tsjerken hiel gewoan en dat der skippen oan tsjerken skonken waarden, hie faak te krijen mei de ynlossing fan in ûnthjit en as tank dat alles goed gien wie. Oarspronklik wiene dy fotyfskippen faak fan was of sulver. De tradysje fan it skinken fan in modelskip gie nei de reformaasje troch, allinne lei de klam doe fakentiden wat minder op religieuze aspekt en wat mear op de sier fan it objekt, alhoewol't der fansels ek in soad Bibelske ferwizings oer in skip te finen binne en in skip likegoed út tankberens jûn wurde koe foar in feilige thúskomst fan in reis werom fan see.

Fotyfskippen wurde meastentiids troch seelju of bouwers fan skippen oan 'e tsjerke jûn. Skipsmodellen binne dan ek fakentiden te finen yn tsjerken fan plakken mei in soad bining mei wetter, lykas fiskersdoarpen en plakken mei in haven. Fotyfskippen binne yn 'e Baltyske lannen, Belgje, Bretagne, Denemark, Dútslân en eardere Dútske gebieten oan 'e Eastsee, Finlân, Grut-Brittanje, Nederlân, Noarwegen, Spanje en Sweden te finen. Yn Denemark hat hast eltse tsjerke wol in fotyfskip. Yn fiskersplakken lykas Urk hingje yn ferskillende tsjerken skippen en allinne it ferneamde Tsjerkje oan 'e See hat der wol trije.[1]

It âldst bekende fotyfskip is de 'Mataró' út de 15e iuw, in Spaansk modelskip, dat yn it besit is fan it Maritiem Museum Rotterdam. It âldste skipsmodel yn Nederlân is in boeier út 1550 út de Bavotsjerke fan Haarlim.

De tradysje libbet noch en út en troch wurde der noch fotyfskippen skonken, lykas yn 2021 doe't yn Noardwyk yn 'e Marijetsjerke in nij fotyfskip troch de preester wijd.[2].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: