Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Francijntje de Boer

Ut Wikipedy
Francijntje de Boer
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Francijntje Martens de Boer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 oktober 1784
berteplak Harns
stoarn 7 maart 1852
stjerplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
wurk
taal Nederlânsk
offisjele webside
DBNL-profyl

Francijntje de Boer (Harns, 18 oktober 1784 - It Hearrenfean, 7 maart 1852) wie in tsjinstfaam en dichteresse.

Tusken 1815 en 1825 publisearre se fjouwer dichtbondels, dêrfan trije foar de jongerein. Har taal wurdt karakterisearre troch ienfâld. Har gedichten draaie om húslikens, deugdsumens en suvere godstsjinstsin.

Francijntje wie dochter fan Marten de Boer, muzykmaster en skriuwer oan "'s lands werf". Se wie it twadde bern út in húshâlding fan 13. Yn 1800 ferliet se it âlderlik hûs. Under it skriuwen fan in soad gedichten (wêrûnder ferskate gelegenheidsgedichten) ûntwikkele se har as dichter. Nei it ferstjerren fan har mem yn 1807 naam Francijntje har plak yn de húshâlding yn. Har heit ferstoar yn 1810 en de húshâlding waard ûntbûn.

Francijntje krige yn 1810 in betrekking by de hear Tynhout, siktaris fan Baarderadiel, en folge dy syn húshâlding doe't er yn 1814 Snits as wenplak krige. De omgong mei minsken mei kennis en smaak droech by oan de ûntwikkeling fan har talinten. Al yn 1815 joech se har earste dichtbondel út (by A. Loosjes Pzn. te Haarlim). Twa jier letter folge "Gedichtjes voor kinderen", dat fiif printingen meimakke en ek yn it Frânsk oersetten waard troch Antoine Joseph Théodore Auguste Clavereau.

Francijntje de Boer hie kunde oan Fenna Mastenbroek, Petronella Moens en Anna Barbara van Meerten-Schilperoort.

Yn 1828 waard se húshâldster by de hear Tuymelaar op It Hearrenfean, dy't widner wurden wie. De Hearrenfeanster tiid waard har glorieuze tiid. Ferskate dichtbondels ferskynden fan har hân. Se waard te hôf brocht op it âlde algemiene begraafplak op It Hearrenfean. Har grêf waard dekt troch in lyts moarmeren stientsje wêrop, alhiel yn oerienstimming mei har ienfâld en beskiedenheid allinnich har namme stie: Francijntje de Boer.

D.M. van der Woude wijde yn 1941 yn it Doopsgesind Wykblêd (7 en 17 septimber) twa artikels oan har gedichten. Sjoch ek syn artikel yn de Friese Koerier fan 24 desimber 1963. Yn 1973, by it romjen fan it begraafplak, krige it moarmeren stientsje in plak yn it Museum Willem van Haren.

  • Dichtproeven van Francijntje de Boer, dienstmaagd te Sneek (1815)
  • Gezangen bij de plegtige viering van het derde eeuwfeest der hervorming, den 2den november 1817 (1817)
  • Gedichtjes voor kinderen (1817), mei 12 ôfbylden; yn it Frânsk oerset yn 1835
  • Nieuwe dichtproeven van Francijntje de Boer, dienstmaagd te Sneek. Amsterdam 1821.
  • Gedichtjes voor behoeftige kinderen, (1823); herdruk met een muziekstukje (1824)
  • Jaarboekje, door Natuur en Kunst aan genoegen gewijd, bondeltsje mei ûnder mear wurk fan Francijntje de Boer (1824)
  • Kindergedichtjes, herdruk (1829) van 'Gedichtjes voor kinderen' (1818), mei 12 nije ôfbylden
  • Petits poèmes, à l'usage de l'enfance, par Françoise (Francijntje) de Boer. Der ferskynden twa útjeften, wêrfan 't de djoerdere in biografyske notysje befette fan mr. C.P.E. Robidé fan de Aa en fjouwer lito's fan Nolthénius de Man.[1] Frânske fertaling fan Auguste Clavareau, dédiés à mes petites filles Adèle, Sophie, Thérèse. (1835)
  • 'De Waarde van den Tijd', yn: Almanak voor dienstboden voor het jaar 1842
  • Laat ons leven tot elkanders nut en vreugd. Nederlandsche verhalen en eenige nieuwe dichtproeven, mei plaatsjes (1850)
  • Kindergedichten (= Gedichtjes voor kinderen), 5e-7e druk (1859/1860), 8e druk (1870).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De biografyske notysje krige de foarm fan in petear fan in heit mei syn bern. Op 23 febrewaris 1836 publisearre de Ljouwerter Krante dizze tekst yn de orizjinele foarm. Doe 't yn 1884 Francijntjes hûndertste bertedei yn Fryslân betocht waard, waard se fannijs skreaun en gearfette foar in folwoeksen publyk. Leeuwarder Courant, 24 jannewaris 1884.