Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Frede fan Westfalen

Ut Wikipedy
Ratifikaasje Frede fan Múnster
troch Gerard Ter Borch

De Frede fan Westfalen binne 11 ferdraggen, ûnder oaren de Frede fan Münster, dy't yn oktober 1648 sletten waarden troch de keningen fan it Hillige Roomske Ryk, Sweden en Frankryk en makken in ein oan de Tritichjierrige Oarloch. De fredespetearen waarden hâlden yn Osnabrück en Múnster.

De ôfspraken dy't yn dizze ferdraggen fêstlein waarden, hawwe oant en mei de tiid fan Napoleon de grûnslach foarme foar de steatkundige ferhâldings yn Jeropa. Frankryk krige de Elzas sûnder Straatsburch, Switserlân waard ûnôfhinklik fan it Dútske Ryk en op godstsjinstich mêd krigen de protestanten offisjele erkenning fan har leauwen. Tagelyk sleaten Spanje en de Republyk te Múnster frede, dêr't in ein mei kaam oan de Tachtichjierrige Oarloch.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]