Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Fryske skuorre

Ut Wikipedy

In Fryske skuorre foarmet de basis fan de pleatsen fan it Fryske type:

De pleatsen yn de Midsiuwen wienen langwizich: Foaroan it wendiel, dêrefter de stâl en derefter de heaberch. Om it hea te beskermjen tsjin rein en wyn waard de heaberch oan de sydkanten tichttimmere. Utwreidingen fan de pleats waarden tsjin de heaberch oanboud, wêrtroch't de heaberch hieltyd mear it sintrum fan de pleats waard en stadichoan ûntstie de Fryske skuorre. Dy teory is noch geregeld te lêzen, mar jildt ynternasjonaal as achterhelle. [1] Om 1600 is de Fryske skuorre ûntstien yn Fryslân en is letter ek trochfierd yn Grinslân.

De haadkonstruksje bestiet út twa of mear dekbalkebynten fan swiere balken, dy't ûnderling keppele binne. Dizze konstruksje dielt de skuorre yn de lingterjochting op yn trije beuken: de middenbeuk is it grutte middengedielte en oan wjerskanten twa sydbeuken ûnder it ôfrinnende dak. It oantal byntfekken (gollen) bepaalt de lingte fan de skuorre.

Yn ien fan de beide sydbeuken wie in gropstâl. De kij stienen twa oan twa stald tusken wylgetiennen of houten sketten dy't de byntstilen mei de bûtenmuorre ferbine. De koppen wienen nei de sydgevel rjochte. In djippe donggoate (groppe) efter de bisten wie bedoeld om de stâldong yn op te fangen. De boer moast tusken de kij troch om harren fretten en drinken te bringen, later barde dit troch foerlûken yn de souder boppe de bisten.

De middenbeuk waard brûkt foar de heaopslach, ek wol taskromte neamd. It hea waard yn de byntenfekken (de gollen) fan de grûn oant heech yn de nok oploege. In wand om de golle skermet it hea ôf fan de sydbeuken.

De oare sydbeuk waard brûkt as deel. Dit wie de ynryd- en wurkromte. De heech oploege heaweinen waarden hjir nei binnen riden. De deel waard brûkt as terskflier. Bûten de ûngetiid stienen de ryd- en wurktugen op de deel stald. It efterste byntfek waard brûkt as jongfeestâl.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De hooibergtheorie is onder andere te lezen bij Hoekstra, De Friese boerderij.