Galapagoseilannen
De Galapagoseilannen (yn 't koart Galapagos, Spaansk: Islas Galápagos, offisjeel Archipiélago de Colón) is in arsjipel op de hichte fan de evener yn de Stille Oseaan. De eilannen lizze sa'n 1000 km út de westkust fan Súd-Amearika en hearre steatkundich ta Ekwador. De Galapagoseilannen en de omlizzende wetters foarmje sûnt 1959 in nasjonaal park, it Nasjonaal Park de Galapagoseilannen.
De eilannen binne geologysk besjoen tige jong: inkeld mar miljoenen jierren. Se binne fan fulkanyske oarsprong. Der komme in soad unike bisten en planten foar, dy't it eilân faak ferskillende soarten foarme hawwe.
Statistyske gegevens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ynwenners: 26.640 (2012)
- Oerflak: totale lânoerflak om de 7880 km² (13 eilannen binne grutter as 10 km² en 115 lytsere)
- Heechste punt: 1707 m
Wichtichste eilannen yn folchoarder fan ôfnimmende grutte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Isabela 4588 km²
- Santa Cruz 986 km²
- Fernandina 642 km²
- San Salvador/Santiago 585 km²
- San Cristóbal 558 km²
- Floreana/Santa Maria 172 km²
- Marchena 130 km²
- Española 60 km²
- Pinta 59 km²
- Lytse eilannen: ûnder oare Genovesa, Santa Fe, Darwin, Isla Wolf, Rabida, Pinzon, Bartolomé, Seymour Norte, Baltra, Daphne, Plazas en Isla Mosquera
Fleanfjild
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nije, enerzjyneutrale fleanfjild Aeropuerto Seymour op it eilân Baltra draait folslein op sinne- en wynenerzjy. Boppedat is it gebou foar 80% makke út materiaal fan it âlde fleanfjild.[1]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Galápagos Islands fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|