Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Gangulfus

Ut Wikipedy
Gangulfus
   hillige
Byld fan Gangulfus yn de parochytsjerke fan Wolpertswende (Dútslân)
Byld fan Gangulfus yn de parochytsjerke fan Wolpertswende (Dútslân)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 702 ?
berteplak Varennes-sur-Amance
stjerdatum 11 maaie 760
stjerplak Boergonje
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
attributen Lâns, krús, banier

Gangulfus (Varennes-sur-Amance by Langres, Frankryk, 702 ? - Boergonje, 11 maaie 760), ek Gangolf neamd, wie in Boergondyske ridder en is in hillige martler fan de Roomsk-Katolike Tsjerke.

De histoaryske Gangulfus wie in aadlike jeier en beskermhear fan it kleaster Bèze by Langres. Neffens de oerlevering wie Gangulfus in ridder oan it hôf fan Pepyn, dy't oeral dêr't er syn lâns yn de grûn stiek in boarne liet ûntstean.

De non Roswitha fan Gandersheim skreau yn 960 de hagiografy en feroare Gangulfus yn in militêre lieder en fertrouling fan kening Pepyn. Doe't er ris ûnderweis wie dronk er út in boarne yn in tún. Hy kocht it grûnstik fan de boarne oan, mar syn kammeraden hiene fanwegen de fierstente hege priis dy't er dêr foar betelle de gek mei him, al hielendal doe't de boarne yn de maaitiid ek nochris opdroege. It wie Gangulfus der lykwols fral om te dwaan om sa de earme eigner wat te helpen. Nei't Gangulfus syn stôk op it plak fan de boarne yn de grûn stiek, buorrele der de oare moarns ynienen wer wetter omheech.

Doe't Gangulfus troud wie fernaam er dat syn frou him besoademitere mei in preester. Hy ûnderfrege har, mar hja hold fol ûnskuldich te wêzen. Gangulfus frege syn frou om it oardiel oan God oer te litten en frege har hân yn de boarne te dopen, mar doe't hja har hân werom loek wie it fel der oant op de bonken ôfbaarnd. Gangulfus fersoene him mei syn frou, mar hy woe net mear lije dat hja by him slepte, wylst er de preester it lân útsette liet. Syn frou lykwols liet de preester werom komme en joech dy tagong ta it hûs om Gangulfus te deadzjen. De preester wist Gangulfus sa slim te ferwûnjen dat er ferstoar en tegearre naaiden hja út. Gangulfus waard begroeven en al gau fûnen der mirakels by syn grêf plak. Doe't syn frou dat hearde hie hja de gek dêr mei en hja húne dat "Gangulfus like goed wûnders út 'e wei set as myn efterein ferskes sjongt". En sa fergie it de frou: alle freeds, op de dei dat Gangulfus ferstoarn wie, liet hja by elts wurd dat har út de mûle kaam sketen as tongerslaggen. De preester stoar oan in aaklike sykte, dy't him ynderlik ferskuorde.

Troch de hagiografy fan Roswitha fan Gandersheim fûn de ferearing fan Gangulfus syn wei nei Dútslân, Frankryk en de Nederlannen. Yn Fryslân stiet der in Gangulfustsjerke yn Ie. Fierder hat Fisfliet in Gangulfustsjerke en wie de doarpstsjerke fan Eelde eartiids wijd oan de hillige. Ek soe der westlik fan Gerkeskleaster in doarp lein ha dat de namme Sint-Gangolf droech.

Fral Dútslân hat noch in ridlik grut tal tsjerken, dy't oan de hillige wijd binne, dy't faak by in boarne steane.

Gangulfus is patroanhillige fan hynders en kin oanroppen wurde by brek oan wetter, each- hûd en gewrichtsproblematyk.

Gangulfus wurdt yn 'e regel as ridder mei swurd en lâns ôf- of útbylde. Faak hat er ek in sabel, flaggen en/of krús yn 'e hân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side