Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Genoatskip

Ut Wikipedy

In genoatskip is in spesifike organisaasjefoarm dy't tsjintwurdich net folle mear foarkomt.

It is in feriening waans leden genoaten neamd wurde. Elk lid ferbynt frijwillich syn lot mei dat fan oare diel- of lotsgenoaten oan it wol en wee fan de feriening. In synonym is selskip. Eardat der sprakewêze soe fan in genoatskip moatte in oantal foarmlike skaaimerken foldien wurde:

  • omfang en gearstalling: It oantal leden fan in genoatskip is beperkt. In genoatskip kin grut wêze, mar is nea in massaferiening. Hjirút blykt har wat besletten karakter. Men wurdt net automatysk lid op eigen oanfraach.
  • doelstelling: It doel fan in genoatskip wurdt troch de leden sels altiten mei in sekere earnstigens neistribbe, ûnôfhinklik fan de fraach oft dit doel grut maatskiplik belang hat, of net. Hjirút komt ek har eptige karakter karakter en belang foar dekoarum fuort.