Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Gerlof Hamersma

Ut Wikipedy
sûnder titel (1994), Sappemeer

Gerlof Wytze Hamersma (Ljouwert, 17 oktober 1953) is in Frysk keunstner.

Hamersma folge in oplieding oan ABK Vredeman de Vries yn Ljouwert (1975-1980) en studearre ôf yn de rjochting Monumintale Foarmjouwing. Hy brûkt as byldhouwer ferskate materialen, dy't hy yn syn wurk kombinearret. In oantal fan syn wurken (yn Grins, Meppel en Sappemeer) steane yn it wetter. Hy is mei-oprjochter fan keunstnersinisjatyf Foarhinne De Gemeente (Ljouwert).

Wurken (seleksje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
lokaasje titel/omskriuwing materiaal jier
Hurdegaryp, Wester Omwei/Ryksstrjitwei De fjouwer tinzen beton, metaal 1991
Harns, Rioelsuveringsynstallaasje sûnder titel (acht kubussen) glês, neon 1993
Grins, Noarddikerwei sûnder titel glês, metaal 1996
Ljouwert, MCL Kubus 1975
Ljouwert, Prinsetún sûnder titel 1990
Meppel, Wilhelminapark fiif glêzen fazen glês 1989
Sappemeer, Achterdjip sûnder titel ("Trijesprong") bakstien, glas, stiel 1994

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]