Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Gerrit Vlaskamp

Ut Wikipedy
Gerrit Vlaskamp
It Wilhelminapark yn Snits, syn wichtichste wurk (1898)

Gerrit Lambertus Vlaskamp (Dokkum, 1 jannewaris 1834 - Hurdegaryp, 12 juny 1906) wie in túnarsjitekt út Hurdegaryp.

Gerrit wie de soan fan Lambertus Vlaskamp (1807-1854) en Antje Eilderts Klaver (1807-1869). Syn heit wurke yn de tradysje fan Lucas Pieters Roodbaard, yn de Ingelske lânskipsstyl. Sa lei hy ûnder oaren it Lyts Slot yn Feankleaster oan. Dy styl wie in reaksje op de eardere Frânske tunen mei rjochte paden, rjochthoekige perken en strakknipte hagen. De Ingelske styl waard yn Fryslân yntrodusearre doe't Roodbaard yn 1819 opdracht krige om in nije Prinsetún yn Ljouwert te ûntwerpen. Dy krige doe safolle ferfolchopdrachten dat er fan Grins nei Ljouwert ta kaam te wenjen. Roodbaard makke doe ûntwerpen foar Oranjestein (It Oranjewâld), Staniastate (Oentsjerk), Vijversburch yn Tytsjerk, De Klinze yn Aldtsjerk en Fogelsanghstate (Feankleaster). By Fogelsangstate krige Roodbaard help fan hovenier Lambertus Vlaskamp dy't by Dokkum in beamkwekerij hie. De gearwurking waard stadichoan grutter en op it lêst die Vlaskamp it measte wurk en waard sa túnarsjitekt.

Lambertus Vlaskamp ferstoar yn 1854, yn Feanhuzen. Syn wurk waard doe oernomd troch soan Gerrit Vlaskamp. Fan him binne mear as 300 túnoanlizzen bekend dy't yn de argiven fan Tresoar werom te finen binne yn de boekhâlding fan beamkwekerij de Iephof fan de famylje Bosgra (doetiids yn Burgum). De administraasje is bewarre fan 1860 ôf troch 9 generaasjes Bosgra's. Gerrit lei mear as 300 túnen (faaks 350) oan, in folle gruttere produksje as Roodbaard. Dat komt omdat Roodbaard meast foar de adel wurke dy't in Ingelske tún by de bûtenpleats ha woe, wylst Vlaskamp foar de nije elite fan Fryslân wurke, dy't grutte filla's en huzen yn neoklassisistyske styl sette liet. Der wienen jierren dat er 25 túnen tagelyk ûnder hannen hie. De tunen lizze rûnom yn Fryslân yn plakken as Donkerbroek, Selmien, Oerterp, Lytsewierrum, Hantum, Sint Anne, Ternaard en Easterein. Yn Mantgum lei er alle túnen oan fan kante huzen oan de Seerp fan Galemawei. Ek tsjerkefâden joegen faak opdracht om de tún fan de pastorij oan te lizzen. Oare opdrachtjouwers wienen direkteuren fan molkfabriken, notarissen en dokters. Foar B. fan Welderen baron fan Rengers ûntwurp er Hûs ter Heide en foar Rinia fan Nauta tekene er de tún fan Heemstrastate. Yn Ljouwert tekene er de letter ferdwûne tún fan de Harmony, de túnen fan it Steedhâlderlik Hof en it Burmaniahûs. Yn Snits en Grou tekene Gerrit Vlaskamp de Wilhelminaparken en yn Ljouwert it Vosseparkje.

Yn 2012 waard in stege yn Stiens nei Vlasman neamd, de Gerrit Vlaskampstege.

Ynventarisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwege Lânskipsbehear Fryslân waard yn 2012 in ynventarisaasje makke fan wat der noch oer is fan de Vlaskamptunen yn Fryslân en Grinslân. Sa'n 80 tunen waarden ûndersocht oan de hân fan de orzjinele plantlisten. It projekt waard stipe troch de provinsjes Fryslân en Grinslân en de RUG[1].

It Frysk Museum hie yn 2014 in útstalling oer Vlaskamp. Teffens waard dêr doe in biografy oer him presintearre, G Vlaskamp, de onbekende achter bekende werken, skreaun troch Aly van der Mark. Der is ek in dokumintêre oer him makke.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter krante, 3 july 2012; Met de kam door de Vlaskamptuin, side 12