Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Gersboat

Ut Wikipedy
Gersboat
Frysk Skipfeart Museum
Gersboaten
Frysk Skipfeart Museum

De gersboat is een Fryske platboaiem mei in licht bûgde, sterk fallende foarstjûne en in rjochte steilsteande efterstjûne.

De kop en it efterskip binne rûn, mar sterk weifage. It board falt breed iepen oant aan it berchhout, it boeisel falt nei binnen ta. De romp is strekt en hat hast gjin seech. Op in lytse plecht nei is de boat hielendal iepen. Eartiids farde de boat mei ien smel swurd. Letter waarden twa rûne, brede swurden brûkt. De gersboat is grutter as de wyldsjitter en benammen heger. Se binne tige ienfâldich: in flak fan ien planke, dêrop in sydkant fan ien planke (gong) en dêrop it boeisel. De gersboat waard brûkt troch boeren foar it ferfier fan lytsfee, molke en hea. Se sylden mei in spriettúch. Der koe ek mei roeid en boomd wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: