Goaiumer Feart
Appearance
De Goaiumer Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan Surch oer Goaium en Wûns en spjalt besuden Wûns yn de Koarnwerter Feart en Molkfeart.
De namme Goaiumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Gooiumer Vaart.