Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Grûnsoarte

Ut Wikipedy
Trochsneed boppelaach fan it ierdoerflak

De grûnsoarte is de soarte fan grûn sa't yn in beskaat gebiet fûn wurdt. Op itselde stee op ierde kin mear as ien grûnsoarte te finen wêze, yn lagen oer de ûndergrûn fan rots.

Grûnsoarten ferskille yn hoefolle en hokfoar stiendieltsjes, fossile stoffen en organyske stoffen der yn foarkomme. Stiendieltsjes wurde dêrby nei grutte opdield yn gryn, sân, silt en lutum.

Beneaming fan grûnsoarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân komme fral de neikommende grûnsoarten foar:

gryn
foar it measte part gryn.
klaai
minstens in fearnsdiel lutum; hoe mear lutum hoe swierder de klaai.
liem
in mjuks fan lutum en silt, ôfset troch rivieren liem, de see balstienliem, as de wyn löss.
fean
foar it measte part organyske stoffen: rotsjende planten.
sân
hast allinnich sân.
savel
sân mei in lyts part lutum.

Yn oare omstannichheden kinne oare grûnsoarten foarkomme.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]