Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Greefskip Arteezje

Ut Wikipedy
Greefskip Arteezje
Comté d'Artois (Frânsk)
Graafschap Artesië (Nederlânsk)
Flagge fan Greefskip Arteezje Wapen fan Greefskip Arteezje
Lokaasje fan Greefskip Arteezje
Taal Aldnederlânsk, Middelnederlânsk, Frânsk
Haadstêd Arras
Steatsfoarm Greefskip
Tal ynwenners -
Oerflak -
Tiidrek 1237 - 1482/1792
Munt net spesifisearre
Arteezje yn it Boergonjeske Ryk

It Greefskip Arteezje (Frânsk: Comté d'Artois, Nederlânsk: Graafschap Artesië) wie in eardere provinsje fan it Keninkryk Frankryk, dat fan 1384 ôf ûnder de hartoggen fan Boergonje kaam oant 1477/82 en doe in steat fan it Hillige Roomske Ryk waard fan 1493 oant 1659.

De hjoeddeiske regio Arteezje leit yn it noarden fan Frankryk, op de grins mei Belgje. It hat in oerflak fan sa'n 4000 km² en hat in befolking fan likernôch 1 miljoen minsken. De wichtichste plakken binne Arras (Atrecht), Calais (Kales), Boulogne-sur-Mer (Bonen), Saint-Omer (Sint-Omaars), Lens en Béthune. It foarmet it binnenlân fan it Frânske departemint Pas-de-Calais.

Oarspronklik wie it in eigen greefskip, doe't it anneksearre waard troch it greefskip Flaanderen. It kaam yn 1180 ta Frankryk as in breidskat fan in Flaamske prinsesse, Isabella fan Henegouwen, en it waard yn 1237 wer in eigen greefskip foar Robert, de beppesizzer fan Isabella. Troch erfenis kaam Arteezje yn 1384 ûnder de hearskip fan de hartoggen fan Boergonje. Nei de dea fan hartoch Karel de Stoute yn 1477 waard Arteezje urven troch de Habsburgers en kaam letter ûnder de Spaanske Habsburgers. Nei de protestantske revolúsjes yn de Nederlannen, sleat Arteezje him oan by de Nederlânske Opstân yn 1576 mei de Pasifikaasje fan Gint. Yn 1579 it foarme de Uny fan Arras.

Nei de Uny foarmen Arteezje en Henegouwen in eigen oerienkomst mei Filips II fan Spanje. Arteezje bleau in part fan de Spaanske Nederlannen oant it troch de Frânsken anneksearre waard yn de Tritichjierrige Kriich en dat waard erkend by de Frede fan de Pyreneeën yn 1659. It grutste part fan Arteezje wie al Frânsktalich, mar it wie part fan de Súdlike Nederlannen oant de Frânske anneksaasje.

It gebiet fan Arteezje waard bewenne troch de Atrebaten, dy't ta de Belgae hearden, doe't Julius Caesar harren fersloech yn de Gallyske Kriich en it gebiet waard in part fan de Romeinske provinsje Gallia Belgica. Harren haadstêd wie Nemetocenna (letter ek wol Nemetacum of Nemetacon neamd, dat fan it Keltysk wurd nemeton, dat "hillich plak" betsjut, komt) is hjoed-de-dei de stêd Arras (Atrecht), dy't letter de namme krigen hat dat mooglik syn oarsprong fan de namme fan de stamme wie.

Keltyske stammen wennen yn Belgica doe't hja stadichoan ferfongen wiene troch Germaanske stammen doe't de Romeinske macht ôfnaam. Franken krigen de macht yn hannen en yn de Karolingyske tiid waard Arteezje foarme as in goa (pagus Atrebatensis). Nei it Ferdrach fan Verdun yn 843 waard Arteezje in part fan it Westfrankyske Ryk. It greefskip waard foarme troch de greven Odalrik en Ekfryd fan Arteezje. Yn 898 waard it greefskip troch it greefskip Flaanderen ynlive troch greve Boudewyn II en dat waard dien makke troch syn soan en opfolger Arnulf I

In nij greefskip Arteezje sette útein yn 1180 by it ferdielen fan it greefskip Flaanderen, dat as breidskat jûn waard troch Flaamske greve Filips fan de Elzas oan syn omkesizzer Isabella fan Henegouwen by har boaskjen mei kening Filips II fan Frankryk. Doe't Isabella yn 1190 ferstoar, waard it troch de Frânske kroan opeaske as in liengebiet dêrfan, itjinge dêr't Flaanderen poer op tsjin wie. By de Slach by Bouvines yn 1214 joegen de Flamingen belies en waard de Flaamske greve Ferdinand finzennaam en waard it greefskip troch it Hûs Kapet ynnaam. By de Frede fan Melun yn 1226 neamde de Frânske kening Loadewyk VIII de Liuw himsels "greve fan Arteezje"

Yn 1237 joech kening Loadewyk VIII it greefskip Arteezje as in apanaazje oan syn jongere soan Robert, dy't dan winliken de stifter fan it Hûs fan Arteezje waard, in takke fan it keninklike Hûs Kapet. Nei de dea fan syn opfolger, Robert II yn de Goudenspoareslach yn 1302, ûntstie der in súksesjestriid tusken Robert syn dochter, grevinne Matilde, en har muoikesizzer Robert III, dy't neffens syn heit Pilips, dy't yn de Slach by Veurne yn 1298 omkaam, rjocht hie op it greefskip. Robert moast belies jaan oan Matilde. Doe't se ferstoar yn 1329, kaam Arteezje oan har dochter mei greve Otto IV fan Boergonje fan it Hûs Ivrea, grevinne Jehanna II. Jehanna hie it Frijgreefskip Boergonje (Franche-Comté) yn 1315 urven en doe't se yn 1330 ferstoar liet se Arteezje en Franche-Comté nei oan har âldste dochter Jehanna III.

Jehanna III, grevinne fan Arteezje en Boergonje, sette útein mei in alliânsje mei it hartochlike Hûs fan Boergonje, in sydtakke fan it keninklike Hûs Kapet, troch te boaskjen mei Odo IV fan Boergonje yn 1330. Yn 1350 waarden alle gebieten fan Arteezje, Franche-Comté en it hartochdom Boergonje urven troch harren pake-en-beppesizzer Filips I fan Boergonje. Doe't Filips yn 1361 ferstoar kaam Arteezje lykwols oan de twadde dochter fan Jehanna, Margareta. Doe't Margareta yn 1382 ferstoar gie Arteezje wer werom nei Flaanderen, dy't hearske waard troch har soan, greve Loadewyk II fan Flaanderen. Yn 1384 waarden Flaanderen, Arteezje en Franche-Comté allegear part fan it grutte kompleks fan gebieten fan it hartochdom Boergonje, doe't Loadewyk syn dochter en erfgenamt, Margareta III, yn 1369 boaske mei hartoch Filips de Stoute.

Arteezje bleau part fan it gebiet fan Filips syn neikommelingen fan it Boergonjeske Hûs Valois-Boergonje oant it útstjerren fan dy laach mei it ferstjerren fan hartoch Karel de Stoute by de Slach by Nancy op 5 jannewaris 1477. Kening Loadewyk XI fan Frankryk naam it greefskip yn en stelde in seneskalk oan. Nettsjinsteande dat waarden de Boergonjeske gebieten ek opeaske troch aartshartoch Maksimiliaan I fan Eastenryk fan it Hûs Habsburch, dy't de soan fan keizer Freark III en de man fan Karel de Stoute syn dochter, Marije de Rike, wie. Yn 1479 kamen de legers fan Maksimiliaan en Loadewyk inoar temjitte by de Slach by Guinegate, dy't troch Maksimiliaan wûn waard, mar hy moast lykwols, nei't Marije yn 1482 nei in ûngelok ferstoar, Arteezje en Franche-Comté al ôfstean oan Loadewyk by de Frede fan Arras yn 1482. Flaanderen koe er wol hâlde.

By it Ferdrach fan Senlis stie kening Karel VIII fan Frankryk beide gebieten wer ôf oan Maksimiliaan, dy't njonkelytsen Roomsk-Dútsk keizer wurden wie. Arteezje waard doe in steat fan it Hillige Roomske Ryk en waard sadwaande fan 1512 ôf ien fan de Santjin Provinsjes fan de Habsburchske Nederlannen en fan 1548 ôf by de Boergonjeske Kreits. Fan 1556 ôf it kaam yn hannen fan de Spaanske takke fan Habsburch. Yn 1579 tekene Arteezje, mei Henegouwen en Waalsk-Flaanderen de Uny fan Arras harren trou oan de Spaanske Habsburgers, wylst de sân noardlike provinsjes de Uny fan Utert tekenen, dat ta de Republyk fan de Feriene Nederlannen late.

Yn 1640 waard Arteezje troch legers fan kening Loadewyk XIII fan Frankryk beset en yn 1659 by de Frede fan de Pyreneeën waard Arteezje as part fan Frankryk erkend.

De provinsje Arteezje waard oan 'e ein fan de achttjinde iuw opheft yn it ramt fan herfoarmings nei de Frânske Revolúsje yn gie opyn it departemint Pas-de-Calais.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.