Herma M. van den Berg
Drs. Herma M. van den Berg (24 april 1918 - Utert, 29 septimber 2005)[1] wie in keunsthistoarika.
Van den Berg studearre nei it gymnasium keunstskiednis, mei as byfakken archeology en arsjitektuer. Yn 1942 docht sy har doktoraaleksamen, mar yn 1941 makket sy al in útstalling yn it Amsterdamsk Steedlik Museum: ln Holland staat een huis, oer ien iuw ynterieurûntjouwing. Koart nei de oarloch komt sy yn tsjinst fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch, dêr't sy oant har pinsjonearring ta bliuwe soe.
Van den Berg hat tal fan monuminten yn Nederlân beskreaun, benammen dy yn noardwest- en noard-Nederlân. Troch har bydragen oan de rige De Nederlandse Monumenten van Geschiedenis en Kunst, útjûn by de Steatsútjouwerij yn De Haach, hat sy in bliuwend plak yn de Nederlânske monumintebeskriuwing krigen.
Yn 1990 kriget sy it earelimaatskip fan de Vereniging Oud Hoorn dêr't sy soad wurk foar út de kant set hat.
Frou Van den Berg stoar yn de âldens fan 87 jier en waard te hôf brocht yn Bilthoven.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karút:
- Westfriesland, Tessel en Wieringen (1955)
- R.F.P. DE BEAUFORT en HERMA M. VAN DEN BERG, De Nederlandse monumenten van geschiedenis en kunst. Deel III De Betuwe. De Haach, 1968
- Berg, Herma M. van den, De Monumenten van Geschiedenis en Kunst: Noordelijk Oostergo: Ferweradeel, De Haach 1981.
- Berg, Herma M. van den, De Monumenten van Geschiedenis en Kunst: Noordelijk Oostergo: De Dongeradelen, De Haach 1983.
- Berg, Herma M. van den, De Monumenten van Geschiedenis en Kunst: Noordelijk Oostergo: De gemeente Dantumadeel, de Haach 1984.
- Berg, Herma M. van den, De Monumenten van Geschiedenis en Kunst: Noordelijk Oostergo: Kollumerland en Nieuw Kruisland, De Haach 1989.
- Wurk fan Herma van den Berg yn de DBNL
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|