Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Hannelsnamme

Ut Wikipedy

In hannelsnamme is in namme dy't in ûndernimming brûkt yn it ekonomyske ferkear, om hannel ûnder te driuwen. Faak is de hannelsnamme itselde as de merknamme, mar in ûndernimming kin ek ferskate merken fiere. Foar kommersjele doelen kiest in bedriuw der faak foar om ien merknamme op- of út te bouwen (lykas it gefal is by IBM, Shell en Vodafone), mar it is ek mooglik om ûnder in ferskaat oan merknammen op 'e merk aktyf te wêzen. In typysk foarbyld dêrfan wie de eardere DSB Groep, dy't op 'e finansjele merk aktyf wie ûnder tsientallen nammen, lykas Lenen.nl, Becam en DSB Bank. It fêstlizzen fan hannelsnammen wurdt dien troch de Keamer fan Keaphannel.

Beskerming fan in hannelsnamme is yn Nederlân regele yn 'e Hannelsnammewet út 1921. Neffens kêst 1 fan dy wet is in hannelsnamme in namme dêr't in ûndernimming ûnder dreaun wurdt. Dat wol sizze dat de Hannelsnammewet inkeld kommersjele bedriuwen beskermet tsjin misbrûk fan 'e hannelsnamme(n). It doel fan in hannelsnamme is de unike identifikaasje fan 'e ûndernimming of ien fan 'e merken fan dy ûndernimming. De namme mei dêrom net itselde wêze of tefolle lykje op 'e hannelsnamme fan in oar bedriuw. Likemin mei in hannelsnamme in merknamme fan in oare rjochthawwende befetsje. In útsûndering dêrop is as men ûnder jins eigen wetlike namme hannel fiert: immen dy't Jansen of De Jong hjit en dy namme foar syn bedriuw brûkt, kin in oar dy't ek sa hjit net it gebrûk fan dy namme foar in eigen bedriuw ûntsizze.

Ut de hannelsnamme hoecht net te bliken wêryn't hannele wurdt. In betingst is dêrby wol dat de konsumint net mislaat wurdt. Dêrom mei bgl. in bakkerij him net "Slachterij De Boer" neame, om't dat misliedend wêze soe. Fierders mei in bakkerij him ek net simpelwei "Bakkerij" neame, om't dy namme jildich is foar alle bakkerijen en dêrtroch betizing jout. Fierders mei in hannelsnamme likemin ferwize nei in oare rjochtsfoarm as dy dêr't it feitliks om giet. Dus in besletten fennoatskip mei himsels net firma Van der Laan neame, mar moat yn sa'n gefal Van der Laan B.V. hjitte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.