Harkstede
Harkstede | ||
Tsjerke fan Harkstede | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Midden-Grinslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.050 | |
Oar | ||
Postkoade | 9617 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53°13'0"N 6°42'0"E | |
Offisjele webside | ||
Doarpsbelang Harkstede | ||
Kaart | ||
Harkstede (Grinslannersk: Haakstee of Haarkstee) is in doarp in de gemeente Midden-Grinslân. Under Harkstede falt ek it buorskip Lyts Harkstede (Klein Harkstede), dat oan it doarp Middelbert grinzget en sûnt 2017 folslein under de gemeente Grins falt. Om it doarp te ûnderskieden fan Lyts Harkstede hiet Harkstede eartiids ek wol Grut Harkstede. As ûnderdiel fan it plan Meerstad fan de stêd Grins wurde der westlik fan it doarp tûzenen nije wentes boud.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme soe ôflaat wêze fan Arkes Stee, dat "plak foar in arke = tsjerke" betsjut. Neffens de taalkundige Wobbe de Vries is de namme in gearfoeging fan Harke (ôflaat fan de persoansnamme Hare) en de Aldfryske útgong -stadi ('plak'), itjinge safolle as it besit fan Harke betsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harkstede waard nei alle gedachten stifte yn de 13e iuw. De hjoeddeiske tsjerke datearret út de jierren 1692-1700 en stiet op de fûneminten fan de midsiuwske tsjerke. De toer is lykwols 13e-iuwsk. De tsjerke waard ûntwurpen troch Henric Piccardt (1636-1712), lânhear fan de boarch 'Klein Martijn' yn Harkstede en de Fraeylemaboarch yn Slochteren en troch de Grinzer boumasters Henric Coeur en Geert van der Aa boud.
Harkstede foel eartiids ûnder de lânstreek Duerswâld (Duurswolde) en wie in selsstannige gemeente, mar waard yn 1821 gearfoege mei de gemeente Slochteren. Yn 1826 waard ek Siddebuorren by Slochteren yndield. Nei't Scharmer yn 1824 it eigen tsjerkgebou ferlear, foarme dat doarp mei Harkstede in twillingdoarp. Harkstede is yn de rin fan de tiid mei nijbouprojekten sterk útwreide, wertroch't it westlike diel fan Scharmer no ta Harkstede rekkene wurdt.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Harkstede fan Wikimedia Commons. |