Harmonyorkest
In harmonyorkest of koartwei harmony is in orkest dat bestiet út blaasynstruminten (sawol koper as hout) en slachwurkynstruminten.
Oars as by in fanfare bestiet in harmonyorkest net allinnich út koperblazers, slachwurkers en saksofoanen, mar dogge ek houtblazers lykas klarinet, dwersfluit, hobo en fagot mei. Troch dy besetting is de harmony by steat om in grut skala oan nuânses te meitsjen.
De besetting fan in harmonyorkest is net altyd gelyk, mar de neikommende ynstruminten waarden fan oarsprong út it eachweid fan in symfoanyske besetting winsklik achte:
Houtblaasynstruminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pikkolofluit
- Fluit 1-2
- Hobo 1-2
- Althobo (Ingelske hoarn)
- Es-Klarinet
- Bes-Klarinet 1-2-3 (en inkeldris 4)
- Altklarinet (inkeld ekontra-altklarinet)
- Basklarinet (inkeld ek kontrabasklarinet)
- Fagot 1-2
- Kontrafagot
- Altsaksofoan 1-2
- Tenoarsaksofoan 1-2
- Baritonsaksofoan (inkeld ek bassaksofoan)
Koperblaasynstrumenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klaroen
- F/Es Hoarn 1-3, 2-4
- Trompet 1-2-3 (inkeld ek: Bes Flügelhorn (bugel) of kornet)
- Euphonium / Bariton
- Tromboane 1-2-3
- Tuba
Slachreau
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pauken
- Lytse trom
- Grutte trom
- Bekken
- Triangel
- Tom-toms
- Tam-tam
- Buisklokken
- Klokkespul
- Ksilofoan
- Fibrafoan
- Marimba
- Oare perkusje- en effektynstruminten sa't dy ek yn in symfoany-orkest brûkt wurde
Net-blaasynstruminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It selskip jout poadiumkonserten of marsjearret op de maat fan de muzyk. By marsjearjen rint foar de harmony inkeld in tamboerkorps dat efter in tamboer-maître oan marsjearret. Dy lêste makket it marstempo út en jout de rûte oan. De dirigint jout meast oan wat it repertoire is, mar 'op 'e dyk' wurdt soks gauris oan de tamboer-maître oerlitten.
It harmonyorkest is fuortkommen út de militêre orkesten dy't in funksje hiene (en hawwe) om seremoarnjes muzikaal te begelieden. Troch it goedkeaper ynstrumintarium (yn ferliking mei de djoere strykynstruminten) wie it finansjeel te dwaan om yn in soad doarpen en stêden in harmonyorkest op te rjochtsjen foar de amateur-muzikant. Profesjonele (militêre) orkesten hiene in foarbyldfunksje yn it repertoire mei premjêres fan nije stikken en it útjaan fan CD's.
Underskie tusken harmonyorkesten en symfoanyorkesten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn tsjinstelling ta it symfoanyorkest is it moderne harmonyorkest in relatyf jonge orkestfoarm, hoewol't der ferienings binne fan sa'n 200 jier âld, de âldste is oprjochte yn 1775 en dat is de Koninklijke harmonie van Roermond. Oare ferskillen binne de funksje en it repertoire fan it harmonyorkest. Spilet it symfoanyorkest allinnich yn in konsertseal, in blaasorkest hat ek in sosjale funksje en wurdt ynset by allerhande barrens lykas festiviteiten, huldigings ensfh. It repertoire fan in harmonyorkest is meast breder as dat fan in symfoanyorkest, sa wurdt gauris ek amusemintsmuzyk en popmuzyk foar de fuotljochten brocht. De djipgong by klassike muzyk is lykwols meast wer minder as by it symfoanyorkest.
Repertoire
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Orizjinele stikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bepalende stikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei dizze wurken is der foar soarge dat it harmonyorkest as serieuze orkestfoarm sjoen waard. Troch de mannichte útfierings yn in relatyf lang skoft hat se bewiisd dat se mei de tiid mei kinne.
- Jean Absil: Rhapsodie flamande (1928), Rites (1952), Rhapsodie brésilienne (1953), Roumaniana (1956), Nymphes et faunes (1966)
- Jurriaan Andriessen: Symphonie Nr. 2 (1962), Suite for Jazz-Ensemble and Band (1981), Sinfonia "Il Fiume" (1984), Dynamic Overture (1988)
- Louis Andriessen: Symfonieën der Nederlanden
- Henk Badings: 2. Concert voor fluit en harmonieorkest (1963), Pittsburgh Concerto (1965), Symphonie Nr. XIII (1966), Armageddon (1968), Transitions (1972), Lieshout en zijn molens (1976), Epiphany (1979), Reflections (1980), Images (1983), Conflicts and Confluences (Symphonie Nr. XV) (1983), Figures Sonores (1984)
- Samuel Barber: Commando March (1943)
- René Barbier: Introduction et fantaisie rapsodique sur deux airs wallons (1946), Ouverture concertante (1969)
- Robert Russell Bennett: Suite of Old American Dances (1947)
- Hector Berlioz: Grande Symphonie funèbre et triomphale (1840)
- René Bernier: Hommage à Sax (1958/1964)
- Henri Montan Berton: Hymne du 21 janvier (1796), Hymne pour la fête de l'Agriculture 28 juni 1796 (1796)
- John Barnes Chance: Incantation and Dance (1962) en Variations on a Korean Folk Song (1966)
- Aaron Copland: Emblems (1964)
- Paul Creston: Celebration Overture (1954/5)
- Ingolf Dahl: Sinfonietta (1961)
- Percy Grainger: Children's March (Over the Hills and Far Away) (1919), Irish Tune from County Derry (1918), Lincolnshire Posy (1937), Molly on the Shore (1921) en Shepherd's Hey (1918)
- Paul Hindemith: Symphony in B♭ (1951)
- Gustav Holst: First Suite in E♭ (1909), Second Suite in F (1911) en Hammersmith: Prelude and Scherzo (1930)
- Karel Husa: Music for Prague 1968 (1968)
- Gordon Jacob: An Original Suite (1928)
- Peter Mennin: Canzona (1951)
- Darius Milhaud: Suite Francaise (1944)
- Ron Nelson: Rocky Point Holiday (1969)
- W. Francis McBeth: Masque (1968)
- Vincent Persichetti: Divertimento (1950), Masquerade (1965) en Symphony No. 6 For Band (1956)
- Walter Piston: Tunbridge Fair (1950)
- Alfred Reed: Armenian Dances (Part I) (1972), "Armenian Dances (Part II)" (1976) en Russian Christmas Music (1944)
- H. Owen Reed: La Fiesta Mexicana (1949)
- Florent Schmitt: Dionysiaques (1913)
- Arnold Schoenberg: Theme and Variations, Op. 43a (1943)
- William Schuman: George Washington Bridge (1950) en New England Tryptich (1956)
- Igor Stravinsky: Concerto for Piano and Wind Instruments (1924) en Symphonies of Wind Instruments (1920/rev. 1947)
- Ralph Vaughan Williams: English Folk Song Suite (1923), Flourish for Wind Band (1939) en Toccata Marziale (1924)
Minder bepalende stikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek dizze stikken ha bewiisd dat se mei de tiid mei kinne ek al meitsje se in wichtich part út fan it harmonyrepertoire, dochs hat se noch net safolle ynfloed hân as boppesteande wurken.
- Warren Benson: The Leaves Are Falling (1963), The Passing Bell (1974) en The Solitary Dancer (1966)
- Michael Colgrass: Winds of Nagual (1985)
- Norman Dello Joio: Scenes from the Louvre (1966) en Fantasies on a Theme by Haydn (1968)
- Morton Gould: Jericho, Symphony no. 4 (West Point)
- Percy Grainger: Colonial Song (1928), Country Gardens (1928) en The "Gumsuckers" March (1928)
- Howard Hanson: Chorale and Alleluia (1954)
- Karel Husa: Apotheosis of this Earth (1971)
- Robert Jager: Diamond Variations (1967) en Esprit De Corps
- Joseph Wilcox Jenkins: American Overture for Band (1956)
- Boris Kozhevnikov: Symphony no. 3: Slavyanskaya
- Ronald Lo Presti: Elegy for a Young American (1964)
- David Maslanka: A Child's Garden of Dreams (1981)
- Vaclav Nelhybel: Antiphonale (1972) en Trittico (1965)
- Roger Nixon: Fiesta del Pacifico (1960/66)
- Vincent Persichetti: Pageant (1953), Psalm (1952)
- Sergei Prokofiev: March, Op. 99 (1943/44)
- Joseph Schwantner: ...and the mountains rising nowhere (1977) en From a Dark Millennium (1981)
- Claude T. Smith: Flight, Incidental Suite (1966)
- Fisher Tull: Sketches on a Tudor Psalm (1971)
- James Clifton Williams: Festival (1962) Dedicatory Overture (1964) Sinfonians (1960) Caccia and Chorale (1973) Symphonic Dance no. 3: Fiesta (1967) en Fanfare and Allegro (1956)
- Haydn Wood: Mannin Veen (1938)
- Guy Woolfenden: Illyrian Dances (1986)
Nijere stikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Understeande stikken binne noch net âld genôch om sizze te kinnen yn hokker kategory se hearre, al liket it der op dat se yn ien fan beide boppesteande kategoryen telâne komme sille.
- Mark Camphouse: A Movement for Rosa (1992)
- Michael Colgrass: Urban Requiem (1996)
- Michael Daugherty: Niagara Falls (1997)
- Michael Daugherty: Bells for Stokowski (2001)
- Johan de Meij: Symphony no. 1: Lord of the Rings (1987)
- Eric Ewazen: Hymn For The Lost And The Living (2002)
- David Gillingham: Heroes Lost and Fallen (1990), Apocalyptic Dreams (1997), en Galactic Empires (1998)
- Adam Gorb: Awayday (1996/rev. 1999)
- Donald Grantham: Southern Harmony (1998) en J'ai ete au bal (1995)
- Edward Gregson: Festivo (1985)
- Scott Lindroth: Spin Cycle (2001)
- Martin Mailman: for precious friends hid in death's dateless night (1988)
- John Mackey: "Redline Tango" (2004), "Turbine" (2006)
- David Maslanka: Symphony no. 2 (1986) en Symphony no. 4 (1994)
- Ron Nelson: Passacaglia on BACH (1993) en Aspen Jubilee (1988)
- Philip Sparke: Dance Movements (1997)
- Jack Stamp: Gavorkna Fanfare (1990/1)
- Frank Ticheli: Amazing Grace (1994), Blue Shades (1996) en Vesuvius (1997)
- Jan Van der Roost: Puszta (1987) and Suite Provençale
- Dan Welcher: Zion (1996)
- Eric Whitacre: October (2000) en Cloudburst (2002)
- Dana Wilson: Shortcut Home (1998)
- Charles Rochester Young: Tempered Steel (1997)
- Gregory Youtz: Fireworks (1988)
- W. Francis McBeth: Of Sailors and Whales (1991)
Transkripsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde fansels ek mannich âldere stikken arranzjearre en werskreaun foar harmonyorkesten. Oant yn de fyftiger jierren fan de tweintichste iuw bestie it wenstige repertoire foar it harmonyorkest benammen út bewurkings fan klassike ûvertueres en marsen. Nei dy tiid kaam der in weach fan nije orizjinele wurken dêr't in soad stylfernijings yn trochfierd waarden. Guon moderne komponisten meitsje sels ferskillende ferzjes fan har stikken, sadat se sawol troch in fanfare-, harmony- as in symfoanyorkest útfierd wurde kinne. Mei de hieltyd better wurdende muzikanten, it ynstrumintarium en de profesjonele diriginten, kinne hjoed de dei ek amateurorkesten knappe útfierings jaan fan technysk en muzikaal slim drege stikken.
Konkoersen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In typysk ferskynsel yn de wrâld fan de blaasmuzyk is it hâlden fan konkoersen, wedstriden tusken muzykferienings. In feriening kin dêr oan meidwaan om har eigen nivo te testen en om de ear fan de feriening of it doarp of stêd heech te hâlden. Ek binne harmonyorkesten ferplichte om ienkear yn de fiif jier oan sa'n konkoers mei te dwaan, om't se oars net yn in beskate difyzje fan ien fan de muzykbûnen sitten bliuwe meie. Inkelde konkoersen steane heech oanskreaun, lykas it Certamen Internacional de Bandes de Música Ciutat de Valencia yn het Spaanske Valencia dat alle jierren holden wurdt, of it Wereld Muziek Concours yn Kerkrade dat ienkear yn de fjouwer jier holden wurdt, it Weltjugendmusikfestival yn Surich en de MidEurope Conference yn Schladming, Easteryk. Fierder wurdt om it jir in konferânse fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles (W.A.S.B.E.) organisearre, dêr't foaroansteande harmonyorkesten út de hiele wrâld konserten mei nije stikken jouwe.
Fryslân en it harmonyorkest
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Fryslân sil men net gau in harmonyorkest tsjinkomme. Harmonyorkesten hawwe har plak yn it suden fan it lân. Yn Fryslân sjocht men - yn alle gefallen op it plattelân - meast allinnich fanfares en brassbands. Dat kin ek noch slim betiizjend wêze want guon fanfares hawwe yn har namme it wurd 'harmonie' stean. It tal harmonyorkesten yn Fryslân sit om de tsien hinne en dy binne benammen yn de gruttere plakken/stêden te finen. CMV Euphonia út Wommels is op it stuit de best prestearende harmonyferiening en is it ienichste harmonyorkest yn Fryslan dat yn 'e earste difyzje spilet.