Percy Grainger
Percy Aldridge Grainger (Brighton, by Melbourne, 8 july 1882 – White Plains, New York, 20 febrewaris 1961) wie in yn Australysk-Amerikaanske pianist, komponist, dirigint en saksofoanist.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grainger studearre yn 't earstoan by syn mem, Rose Aldridge Grainger, dy't in ferneamd pianopedagoge wie. Hy debutearre op de âldens fan 10 jier. Yn dy snuorje makke er konsertreizen as wûnderbern. Dêrnei studearre er noch by James Kwast yn Frankfurt en Ferrucio Busoni yn Berlyn.
By syn wrâldreizen, fan de Feriene Steaten oant Nij-Seelân, rekke er yn de Earste Wrâldkriich yn Amerikaanske militêre tsjinst as musikus by in militêre kapel en sûnt wie er Amerikaansk steatsboarger. Fan 1906 ôf wie er befreone mei Edvard Grieg dy't him ek beynfloede hat. Hy krige yn dy tiid ek niget oan it sammeljen en fêstlizzen fan Ingelske folklsietsjes en hy begûn sels te komponearjen.
It stik foar piano Country Gardens brocht him ek as komponist súkses, it waard in "hit", mar Grainger hat er net folle wille fan hân. Doe't it him finansjeel better gie, ferfear er mei syn mem, dêr't er it tige goed mei fine koe, nei de rike New Yorkse wyk White Plains. Mar de sûnens fan Rose Grainger liet in soad te winskjen oer en yn 1922 makke hja har sels fan kant troch fan in gebou te springen. (Yn in neilitten brief ferklearre hja dat sy de suggestje fan ynsest mei har soan net langer ferdrage koe. Grainger hat dy brief jierrenlang meidroegen yn in buske om syn hals. Letter hat er in fotoalbum gearstald mei fotos fan har en liet er tûzenen kopyen meitsje, dy't er nei freonen stjoerde.)
Itselde jier reizge er nei Denemark - it wie syn earste reis nei Skandinaavje - om dêr folksmuzyk te sammeljen. De dêrút letter ûntstiene orkestferzjes hearre ta syn bêste wurk.
Novimber 1926 moete Grainger de Sweedske artyste en dichteresse Ella Viola Ström en rekke fuortendaliks fereale. Hja trouden op 9 augustus 1928 op it toaniel fan de Hollywood Bowl, mei neitiid in konsert foar 20.000 minseken, mei in orkest fan 126 muzikanten en in ''a kappella'' koar, dy't syn nije komposysje songen, To a Nordic Princess, opdroegen oan Ella.
Fan 1932 oant 1933 waard er deken foar muzyk oan de Universiteit fan New York, sette jazz yn it learplan en helle Duke Ellington oan as dosint.
Yn 1940 ferhûzen de Graingers nei Springfield, Missourie fan dêrwei reizge er rûn, om yn de Twadde Wrâldkriich in rige konserten foar militêren te jaan. Nei de oarloch rûn syn sûnens lykwols tebek, it pianospyljen waard der net better op en syn niget oan klassike muzyk ferflauwe.
Yn de lêste jierren fan syn libben ûntwurp Grainger tegearre mei Burnett Cross de Free Music Machine, in foarrinner fan de synthesizer.
Hy hie syn lêste jierren in soad te lijen fan pinebúk troch útsiede prostaatkanker (diagnoaze yn 1953).[1] Grainger stoar yn White Plains, New York yn 1961 en kaam te hôf yn West Terrace Cemetery, Adelaide, South Australia.
Persoanlikheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grainger joech yn twa opsichten grûn foar kontroferzje. Earstens wie iepenlik sadomasogist (hy dokumintearre alles yngeand wat er mei syn frou die yn de sliepkeamer.)[2] en twaddens wie er ek in ferklearre rasist en antisemyt. Yn dizze ksenofoby wie de eksentrike Grainger lykwols net konskwint: hy bewûndere folkloristyske muzikale foarmen en wie befreone mei Duke Ellington en George Gershwin joech foar Afro-Amerikaanske goede doelen. Oan de oare kant makke er brûkme fan in styl yn syn brieven en muzykhânskriften, dy't er as blue-eyed English oantsjutte.
Grainger wie fegetaarjer, mar joech net folle om griente. Hy libbe fan nuten, seane rys, weetkoekjes, bôle mei jam, iis en sinesappels.[3]
Grainger's enerzjy wie hast legindarysk. Yn London stie er bekend as de "the jogging pianist" om't er hurdrinnend nei syn konserten gie. Hy ferskynde op it lêste momint en wie dan folslein efter de pûst. Dat die er mei sin; hy spile it leafst at er út de liken wie. Op in kear, by in konsertomgong yn Súd Afrika, rûn er nei ôfrin fan in konsert 105 km nei in oar plak dêr't er it folchjende optreden hie. Hy kaam krekt op tiid foar it begjin, skjin ynein. At Grainger mei skip reizge brocht er syn frije tiid graach troch yn de masjinekeamer as stoker. Oer alles hat er sa'n 3000 konserten jûn as pianist en dirigint.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy samle mear as 500 folk-songs, dy't de basis foarmen foar syn British Folk Music Settings sa as Country Gardens, Molly on the Shore, Sheperd's Hey! en Irish Tune from County Derry. Hy makke regelmjittich ferzjes foar oare besettings fan syn eigen wurk, foar harmoanyorkest (Wind Band of Military-Band), foar blazerkwintet (Wind-Quintet) en foar ien of twa piano's.
Wurk foar orkest
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1928 Colonial Song
- In a Nutshell, Suite
- Molly on the Shore, Irish Reel
- The Warriors - Music to an Imaginary Ballet
- The Merry Wedding foar koar en orkest
- Danish Folksong Suite
- Arrival Platform Humlet foar orkest en piano
- Australian Marching Song
- Beaches of Lukannon foar mingd koar, strikers en harmoanium
Wurk foar harmoanyorkest (Military Band)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1901-1902 Hill Song no 1 (oarspronklik skreaun foar: 2 pikkolofluiten, 6 hobo's, 6 Ingelske hoarns, 6 fagotten en kontrafagot)
- 1905 Lads of Wamphray Mars
- 1905 Walking Tune
- 1907 Hill Song no 2 opdroegen oan Balfour Gardiner; 1929 bewurke foar: twa fluiten, (ek piccolo), hobo, Ingelske hoarn, twa klarinetten, basklarinet, fagot, twa trompetten, hoarn, trombône, bekken, twa harmoaniums (of in harmoanium en in oargel) en piano
- 1910 Mock Morris
- 1911 The Sussex Mummers' Christmas Carol
- 1911 I’m Seventeen Come Sunday
- 1911 Willow, Willow
- 1912 Sir Eglamore foar mingd koar en harmoanyorkest
- 1914 The Bride’s Tragedy idem
- 1916 Arrival Platform Humlet
- 1916 The Warriors
- 1918 Children’s March: Over the Hills and Far Away
- 1918 Irish Tune from County Derry; Shepherd's Hey
- 1919 Molly on the Shore
- 1923 The Widow’s Party foar mannekoar en harmoanyorkest
- 1928 Colonial Song
- 1937 La Serenade Toscane Opus 3 Nr. 6 fan Gabriel Fauré foar harmoanyorkest bewurke troch Percy Aldridge Grainger]
- 1937 Lincolnshire Posy
- 1. Lisbon (Dublin Bay - Sailor’s Song)
- 2. Horkstow Grange (The Miser and his Man – a local Tragedy)
- 3. Rufford Park Poachers
- 4. The Brisk Young Sailor (who returned to wed his True Love)
- 5. Lord Melbourne (War Song)
- 6. The Lost Lady Found (Dance Song)
- 1938 The Merrie King
- 1939 The Immovable Do
- 1939 The Duke of Marlborough Fanfare
- 1942 The "Gum-Sucker's" March
- 1942 Chorale No. II van Cesar Franck foar harmoanyorkest bewurke troch Percy Aldridge Grainger
- 1943 The Power of Rome and the Christian Heart
- 1948 Marching Song Of Democracy foar mingd koar en harmoanyorkest
- 1949 Ye Banks and Braes o' Bonnie Doon
- 1953 Country Gardens
- 1953 Bell Piece Fantasij op in liet fan John Dowland Now, O Now, I Needs Must Part
- 1954 Faeroe Island Dance (Let’s Dance Gay In Green Meadow (Neath The Mould Shall Never Dancer's Tread Go))
- Angelus Ad Virginem
- Australian Up-Country Song
- Down Longford Way
Wurk foar piano
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Always Merry and Bright foar piano 4-hannich
Fokaalmuzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Agincourt Song foar koar
- Anchor Song foar koar
- At Twilight foar mingd koar en solo-tenoar
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Leroy Osmon: His Name Was Percy Grainger - A Program Guide for the Band Works of Percy Aldridge Grainger, RBC Publications, 42 siden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Percy Grainger Net
- Percy Grainger Society
- Grainger-Webstee fan it Australian Music Centre
- The Grainger Wind Symphony, in Australysk harmoany-orkest
- Grainger Museum fan de Universiteit fan Melbourne, Austraalje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|