Harnzerstrjitwei
Appearance
Harnzerstrjitwei | ||
bouwurk | ||
Rotonde mei Us Mem oan de Harnzerstrjitwei | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
koördinaten | 53° 12′ 17" NB, 5° 46′ 43" EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | strjitte | |
boujier | 1842 | |
oare ynformaasje | ||
lingte | 200 m |
De Harnzerstrjitwei is in strjitte yn Ljouwert, it wie de ryksstrjitwei nei Harns, en kaam yn 1842 klear. It is no in haadstrjitte yn Ljouwert. De Harnzerstrjitwei rint fan it Jeropaplein, dêr't er krúst mei de rûnwei fan Ljouwert, oant in rotonde flak foar it sintrum dêr't ek de Spanjertsleane en de Harnzersingel op útkomme.
De Harnzerstrjitwei wie earder, krektas de Grinzerstrjitwei en de Mr. P.J. Troelstrawei in útfalswei dy't bûten de beboude kom lei. Begoede Ljouwerters bouden dêr harren hearehuzen, dy huzen stean noch altyd oan de Harnzerstrjitwei.
De Harnzerstrjitwei foarmet de skieding tusken de wiken Westerparkwyk en Fûgelbuert.
Monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de dyk lizze tsientallen pannen, dy't ryksmonumint binne.
-
Harnzerstrjitwei 9a
-
Harnzerstrjitwei 29
-
Harnzerstrjitwei 65
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kromhout, Walter, Op Stand in Leeuwarden: 179 Jaar Harlingerstraatweg, Grou, 2021 (Utjouwerij Louise), ISBN 978-9 49 15 36 809.