Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Hegemer Mar

Ut Wikipedy
De Hegemer Mar (2020)

De Hegemer Mar is in mar dy't yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oant 2011 yn de gemeente Wymbritseradiel, súdwest fan Heech leit. De oerflakte is 650 ha, de djipte 1-3 m.

It Johan Frisokanaal komt oan de noardeast ein troch de Jeltesleat yn de mar, en rint troch in soal nei it súdwesten, dêr't tusken Langeherne en Leiepôle de mar oergiet yn de Fluezen. Oan de eastkant jouwe de Wâldseinster Rakken ferbining mei Wâldsein, en fia de Ie mei de Sleattemer Mar.

Njonken Heech leit oan de súdeastkant ek Yndyk oan de mar. Yn de mar, besuden Heech, leit it eilân de Rakkepôle.

Nei alle gedachten binne de Hegemer Mar, de Fluezen en De Moarre in gletsjerdelling foarme yn de Saale-iistiid. Dat it is net sa dat de lizzing yn de rjochting fan de súdwestewyn wiist op troch de weagen foarme marren. Dy rjochting betsjut al dat de Hegemer Mar by min waar mei weagen dy't fan de Fluezen weikomme gefaarlik wetter wêze kin. By goed waar is de mar lykwols in goed plak foar wettersport.