Henk Scheltes
Henk Scheltes | ||
Henk Scheltes | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrik August Scheltes | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 25 febrewaris 1921 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 10 maaie 1987 | |
stjerplak | Rotterdam | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | kryptograaf | |
reden bekendheid |
Puzels yn de NRC, De Tijd en Avenue |
Hendrik August Scheltes, ek: Henk Scheltes (Amsterdam, 25 febrewaris 1921 - Rotterdam, 10 maaie 1987) wie in Nederlânske sjoernalist en kryptograaf.
Mei syn gymnasium-A-diploma oan it Herfoarme Lyceum studearre er ekonomy. Neidat er yn de oarloch yn in Dútsk kamp sitten hie kaam er werom yn Nederlân, mar makke syn stúdzje ekonomy net ôf.
Fan 1 maaie 1946 oant 1982 wurke er by de NRC. Op 1 jannewaris 1947, waard hy beneamd ta redakteur binnenlân, dêr't er it sosjaal-ekonomysk nijs fersoarge. Op 28 oktober 1950 waard er nei it ferstjerren fan de eardere puzelmakker frege troch haadredakteur Alexander Stempels om in dreger soarte puzel te meitsjen foar 'Z', de sneonske bylage fan it NRC. It waard it nije puzelsoarte kryptogram. Hielendal nij wie dy puzel net, omdat De Groene Amsterdammer koart dêrfoar ek al begûn wie mei kryptogrammen. Yn 1958 wurdt er haadredakteur.
Nei de fúzje tusken de 'Nieuwe Rotterdamse Courant' en it 'Algemeen Handelsblad' yn 1970 kaam de letter 'S', fan Scheltes der by te stean en hiet it yn dy krante Scryptogram. Nei 36 jier by de krante wurke te hawwen giet er yn 1982 yn de VUT. Maaie 1987 ferskynde syn lêste Scryptogram yn NRC Handelsblad. Ek foar 'Avenue' en wykblêd 'De Tijd' makke er kryptogrammen.
Scheltes stapte as ien fan de earsten of fan de gewoante om in dûbelde clou yn de omskriuwings te setten. De omskriuwings waarden dêrtroch ek koarter, wat letter de noarm waard by kryptogrammen. Se wurde dan ek wol Scrypto's neamd. Hy wie boppedat de earste dy’t gjin anagrammen mear brûkte yn syn puzels.