Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Heraldyk

Ut Wikipedy

Heraldyk of wapenkunde is de wittenskip dy't him dwaande hâlde mei wapenskylden, en alles dat dêr mei te krijen hat.

De wapenskylden, en dêrmei de ierste foarm fan heraldyk, binne ûntstien yn Flaanderlân yn de 11e iuw. Mei dúdlike symboalen op harren skyld wienen ridders op it slachfjild en op toernoaien dúdlik wer te kennen. Nei 1300 komme heraldike tekens yn segels fan lânskippen en stêden, sûnt 1350 ek yn dy fan eale persoanen.

It wurd heraldyk komt fan heraut , in Midsiuwske hoffunksjonaris dy't foar syn foarst de oankundigingen die fan plechtige foarfallen as toernoaien en feesten. By sokke toernoaien wie er in soarte fan skiedsrjochter, mei't er de ridders on harren wapens werkenne koe. De herauten kreëarden in eigen jargon, blazoenearen neamd en produsearren troch harren administraasje prachtich-yllustrearre wapenboeken.

Baanbrekker by de Fryske heraldyk wie Heerke Wenning dy't it blêd De Friesche Adelaar útjoech. Nei 1900 waard de belangstelling algemmiener. In tal yn 1818 bedoarne gemeentewapens waarden ferbettere, kolleksjes famyljewapens waarden oanlein en likegoed krigen flaggen mear omtinken. Wichtich wurk waard dien troch A.S. Miedema, Douwe Dirks Osinga, Jelle Cornelis Tjessinga, Alexander Lodewijk Heerma van Voss. Organisatoarysk krige dit wurk in offisjele belicheming yn it Gynealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, sûnt 1956 bestiet de Fryske Rie foar Heraldyk.

Fieren fan in wapen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wapenskyld wurdt hjoeddeis net mear droegen foar werkenning op it slachfjild, mar hat syn plak fûn yn de fertsjinwurdiging fan de oerheid, de kommersje fan bedriuwslogo's en de nostalgy fan it famyljewapen. It fieren fan in wapen is foar elkenien tastien mar hat al syn eigen etikette. It fêstlizzen fan jins wapen kin dien wurde by in heraldysk kolleezje. Yn Fryslân is dat kolleezje de Fryske Rie foar Heraldyk.

Yn de heraldyk wurdt útgien fan de skylddrager: wat oantsjut wurdt as rjochts is foar de skylddrager rjochts, mar foar de beskôger lofts, en oarsom. Foar de kleuring fan it wapen wurdt in ûnderskie makke tusken metalen en kleuren. De twa metalen binne ljacht-kleurd: goud (giel) en sulver (wyt). De ornaris fjouwer kleuren binne dûnkerder: read, blau, grien en swart. Metalen en kleuren moatte foar in werkenber kontrast ôfwikseljend brûkt wurde, dus net metaal op metaal of kleur op kleur.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]