Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Holodomor

Ut Wikipedy
Gebiet dêr't de hongersneed wie yn't swart, 1932-1933

De Holodomor (Oekraynsk: Голодомор, "troch honger deamakke") wie in hongersneed yn de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk, dy't yn de jierren 1932-1933 plak fûn hat. De trageedzje is ien fan de grutste nasjonale rampen fan it lân yn de moderne skiednis. Oekraynske rûzings rinne fan 2.500.000 oant 7.500.000 slachtoffers, in fearn part fan de doedestiidske befolking.

Kommunistyske publikaasjes woene en wolle ha dat de tragedy yn 1933-1934 troch it nasjonaal-sosjalistyske Hitler-rezjym propagandistysk útmolken is. Yn dat ramt waard ek de Amearikanen fan de fersprieding fan anty-Sovjet propaganda beskuldige. Alhoewol't de omfang fan de hongersneed net in saak fan kontroverse is, kinne ek oare faktoren bydroegen hawwe oan de ûnbidich grutte stjerte yn de Oekraïne. Dat is ek it stândpunt fan it hjoeddeiske Russyske regear, itjinge liede ta polityk skeel tusken Moskou en Kiëv. Dy faktoren binne:

  • Sabotaazje-aksjes troch de saneamde koelakken, mar ek de lytse boeren, tsjin it Sovjet-Russyske belied fan it kollektivisearjen yn de lânbou;
  • De grutte drûchte yn it lân tusken 1930 en 1932;
  • De tyfusepidemy yn de Oekraïne en yn it noarden fan de Kaukasus, dy't mei de hongersneed gearfoel.

De hongersneed waard foar in grut part feroarsake troch it belied yn de Sovjet-Uny fan Stalin, dy't mei geweld de kollektivisaasje (it ûnder dwang yn beslach nimmen fan partikulier grûnbesit om it dêrnei oer te dragen oan buorkerijen fan de mienskip) en de deportaasje fan koelakken as it kommunistyske belied foar de lânbou útfierde. De lytse boerebedriuwen moasten gearfoege wurde ta kolchoazen en sovchoazen, sadat der arbeidskrêften beskikber kamen foar de yndustrialisaasje. It fiifjierrenplan fan Stalin út 1928 moast út de eksport finansiearre wurde en it wichtichste diel fan de eksport bestie út nôt.[1]

Ofbyld fan Aleksander Wienerberger.

Stalin's belied koe rekkenje op fûl ferset fan de boeren, benammen yn de Oekraïne mei harren tradysje fan frijheid. Hja ferbaarnden de rispinge of slachten it fee leaver, dan it oan in grutte steatsbuorkerij oer te dragen.[2] As straf waard it te leverjen nôtkwotum ferhege, ek al mislearre de rispinge yn 1932. Miljoenen boeren, troch de kommunisten Koelakken neamd, waarden deportearre nei Sibearje.

De krante Chicago American op 25 febrewaris 1935 oer de hongersneed.

De Sovjet-autoriteiten diene harren bêst de ramp stil te hâlden. Mar yn de jierren 1933-1934 sipele der dochs ynformaasje oer de hongersneed yn it Westen troch. Dat wie fral te tankjen oan it wurk fan de sjoernalisten Gareth Jones en Malcolm Muggeridge en de ôfbylden fan de Eastenriker Aleksander Wienerberger. Foar de Sovjet-Uny wie dat de oanlieding om in tsjin-kampanje útein te setten, dêr't ûntkenners fan de hongersneed lykas Bernard Shaw, Edouard Herriot, Walter Duranty in rol yn spilen.

De hongersneed trof net allinne de Oekraïne en wie in ûnderdiel fan in noch gruttere ramp, dy't ek yn oare dielen fan de Sovjet-Uny hearske. De term Holomodor wurdt allinne brûkt foar dy gebieten, dêr't etnyske Oekraïners wenne hawwe. De Holodomor wurdt dêrom ek wol de "Oekraynske Folkemoard" of de "Oekraynske Holocaust" neamd. It brûken fan dy term ferwiist nei in bewuste strategy fan it regear fan de Sovjet-Uny om fral de Oekraïners te straffen en sa it Oekraynske folk as politike faktor en sosjale entiteit te ferneatigjen. In soad doarpen rekken troch de hongersneed ûntfolke en binne letter troch lytse boeren út Russyske kontrijen befolke, sadat de etnyske gearstalling fan de Oekraïne feroare.

De pro-Westerske presidint Viktor Jûsjtsjenko hat de kwestje fan de "Holodomor" yn 2006 yn it parlemint op it aljemint brocht nei't er syn pro-Russyske tsjinstanner Janûkovytsj ta premier beneame moast. Op 28 novimber 2006 hat it Oekraynske parlemint de Holodomor ta "folkemoard" erkend. De fjirde sneon yn novimber is ynfierd as in nasjonale betinkingsdei ta neitins fan de slachtoffers.

It wurd Holomodor is ôflaat fan it Oekraynske moryty holodom (Морити голодом), dat yn safolle as "dea feroarsake troch honger" oerset wurde kin. It wurd stamt ôf fan de Oekraynske wurden holod, 'honger' en moryty, "immen ta útputting driuwt". Yn moderne Oekraynske wurdboeken wurdt holomodor omskreaun as "keunstmjittich feroarsake hongersneed, dat op grutte skaal troch de oerheid organisearre wurdt". It wurd bytiden ek útlein as "moard troch honger".

Demografyske gefolgen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen it grutte tal stjergefallen yn 1933 ûnder fral de Oekraïners, feroare it oandiel fan Russyske ynwenners yn de Oekraïne fan 5,6% nei 9,2%.

Ynternasjonale erkenning

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kaart mei lannen (blau) dy't de Dolodomor as genoside erkenne

Skiedkundigen binne net ienriedich of de Holodomor oan de iene kant mei opsetsin troch de minske feroarsake is mei it doel in folk út te roegjen of dat it oan de oare kant de natoer west hat, dy't sûnder doel en etnysk blyn de hongersneed brocht. Of de Holomodor in gefal fan genoside is bliuwt dus in wichtich fraachstik yn de moderne polityk en der bestiet gjin ynternasjonale konsensus oer de fraach of it doedestiidske Sovjetbelied ûnder de wetlike definysje fan genoside falle soe.

De Holodomor wurdt troch de Oekraïne as genoside beskôge.[3]. It Europeesk Parlemint beöardielet it as in Misdied tsjin de minsklikheid,[4] wylst de Russyske Federaasje it, as ûnderdiel fan in bredere hongersneed yn de Sovjet-Uny, bestimpelet as in "minachting foar it libben fan de minsken troch it Sovjet-rezjym" en it hanneljen dat liede ta de trageedzje feroardielet.[5].

Yn 2006 waard yn de Oekraïne it ûntkennen fan sawol de Holomodor as de Holokaust strafber. De rjochtbank yn Kiëv stelde yn 2010 fêst dat de Holodomor in gefal fan genoside wie en stelde Stalin, Lazar Kaganovitsj, Stanislav Kosior, Pavel Postysjev, Mendel Chatajevitsj, Vlas Tsjûbar en oare bolsjiwistyske lieders dêrfoar ferantwurdlik.

De Holomodor wurdt wol ris ferlikene mei de Ierske Hongersneed fan 1845-1849, dy't yn Ierlân ûnder Britsk regear plakfûn. Ek de Ierske hongersneed is ûnderwerp fan kontroverse en debat.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Afrikaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: af:Holodomor