Huslotha
Appearance
Huslotha wie in belêsting út de Midsiuwen dy't troch de Friezen oan it Frankyske Ryk betelle wurde moast.
Dizze belesting op huzen wie grif in fuortsetting fan de troch de Denen opleine 'klipschilda'. Gjin hege skatting, mear in symboalyske erkenning fan it ryksgesach. Dat de Huslotha ek yn de Midsiuwen opbrocht waard stiet net fêst. Likemin as dat huslotha lyksteld wurde kin mei it hûsskot, dat by it stimrjocht in rol spile.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|