Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Igram fan Achelen

Ut Wikipedy

Igram fan Achelen (De Bosk 1534 - Mechelen 1604) wie in jurist en riedshear yn Mechelen. Hy wie foarsitter fan it Hof fan Fryslân en de Grutte Ried fan Mechelen, yn tsjinst fan Karel V en Filips II. Fan Achelen holp by de oerstreamings fan 1570 en 1574. Yn 1578 waard er ôfsetten as presidint fan it Hof fan Fryslân.

Hy kaam út in foaroansteande famylje yn De Bosk dy't magistraten en skepenen fan de stêd leveren. Hy wie in soan fan Anthoni Willemss. fan Achelen en Aleid Dirksdr. Vogels. Heit wie stedsûntfanger (fan belestingen) en master fan it Groot Ziekengasthuis.

Fan Achelen studearre rjochten yn Dimter, Leien en Leuven. Keizer Karel V beneamde him 1550 ta lid fan it Hof fan Fryslân dêr't er 1570 foarsitter fan waard. Van Achelen soarge foar de oanlis fan nije diken nei de grutte oerstreamings fan 1570 en 1574. Op 25 maart 1574 feardigde er tegearre mei de magistraat fan Harns in reglemint út dat de bou fan nije diken ferhastige. Letter waard dêrfoar in earepylder mei syn namme oprjochte.

Op 7 desimber 1577 naam de Steaten-Generaal fan de Nederlannen in dekreet tsjin lânfâd Juan fan Eastenryk oan. Fan Achelen wegere it dekreet yn Fryslân publisearje te litten wêrnei't er beskuldige waard fan gearspanning mei de lânfâd. Hy waard 21 maart 1578 arrestearre, mar in skoftke letter wer frijlitten. Pas acht jier letter krige Fan Achelen earherstel en krige er fanwege syn trou oan de kening de titel fan ridder.

Fan Achelen waard lid fan de Geheime Ried en yn 1598 waard er foarsitter fan de Grutte Ried fan Mechelen. Hy stoar yn 1604 en waard beïerdige yn de Sint-Niklaaskapel fan de Sint-Romboutskatedraal yn Mechelen.

Fan Achelen troude 1561 yn Swichum mei Clementia Hoytema, in nicht fan Viglius, mei wa't er seis bern krige. Syn âldste soan Folkert gie yn de fuotleasten fan syn heit en waard 1600 riedshear yn de Ried fan Brabân yn Brussel. 1611 waard er rekestmaster yn de Geheime Ried.

Broer Folkert (Folkaert) fan Achelen[1], waard yn 1587 riedshear[2] yn de Ried fan Brabân en wie boaske mei Anna de Beyens, dochter fan Goswin, skyldfeint, en fan Agnes Eyckmans (de Rovere)[3].

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Achelen, Igram van.
  • J. Dirks - Vrije Fries, IV (1846), side 364-377
  • Abraham FERWERDA en Jacobus KOK, Nederlandsch geslacht-stam en wapen-boek waarin voorkomen de voornaamste adelyke en aanzienlyke familiën in de Zeven Vereenigde Provinciën...opgemaakt uit oude en echte gedenkstukken : doormengd met veele weetenswaardige byeen in orde gebragt, door wylen Abraham Ferwerda; en met de nodige registers, zo der geslachten als der wapenen voorzien, door, Jacobus Kok, Amsterdam, 1785, 2 delen fol. (Famylje Van Achelen)
  1. Jacques Alexandre de Chalmot, Biographisch woordenboek der Nederlanden, Amsterdam, 1798 : "ACHELEN (FOLKERT van), is in 1587 Raadsheer geweest in 't Hof van Brabant, gehuwd aan Anna de Beyens, dogter van Goswin, Schildknaap, en van Agnes Eyckmans"; en : De Vrije Fries, Fries Genootschap van Geschied-, Oudheid- en Taalkunde te Leeuwarden, Fryske Akademy, 1845, vol. 4 tot 5, blz. 365 : "Folkert van Achelen, broeder van Igram, in 1587 Raadsheer".
  2. Fernand de Ryckman de Betz en Fernand de Jonghe d'Ardoye, Armorial et biographies des chanceliers et conseillers de Brabant, in: Tablettes du Brabant, Tome IV, Brussel, 1957.
  3. Ferwerda-Jacobus Kok, op. cit. : Familie "Van Achelen": "Folkert van Achelen, Raadsheer in 't Hof van Braband anno 1587. Had gehuwt Anna de Beyens, dochter van Goswin, Schildknaap, en van Agnes Eyckmans, gezegd de Rovere, zoon van Henrik de Beyens en van Catharina de Middegaal-Erp".