In Bloom
In Bloom | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Sliver (live) | |
artyst | Nirvana | |
album | Nevermind | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Grunge | |
útbrocht | 30 novimber 1992 | |
opnommen | Sound City Studio's maaie 1991 | |
doer | 4:11 | |
label | DGC | |
skriuwer | Kurt Cobain | |
produsint | Butch Vig | |
fideoclip | ||
Nirvana - In Bloom (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Single Top 100 - 87 | |
sertifisearre | Austraalje platina, Grut-Brittanje goud | |
tal covers | 2 |
In Bloom is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana yn 1991 en útbrocht op it twadde album fan Nirvana Nevermind út itselde jier. In Bloom is it twadde nûmer op it album en waard op 30 novimber 1992 útbrocht as fjirde en lêste single fan it twadde album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In Bloom waard skreaun troch Kurt Cobain. It nûmer giet oer minsken dy't har bûten de wrâld fan alternative muzyk befine, en it boadskip fan de groep net begripe.
Oer de fideoklip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fideoklip is in parody op de muzykútstjoeringen yn de jierren sechstich. Kurt Cobain is te sjen mei typyske jierren 60 type bril en drummer Dave Grohl hat sels in blonde prûk op om it effekt noch wat te fersterkjen. Der is in fideoklip fan in eardere ferzje fan In Bloom dy't yn 1990 ûnder mear filme waard oan de eardere haven South Street Seaport en op Wall Street yn de Lower East Side fan Manhattan, New York. Dizze earste fideo is lykwols nea kommersjeel fertoand.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kurt Cobain – Sang & Gitaar
- Krist Novoselic – Bas
- Dave Grohl – Drums