Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Indianapolis 500

Ut Wikipedy
De Indianapolis Motor Speedway

De Indianapolis 500, gauris ôfkoarte as Indy 500, is de wichtichste autorace fan it jier yn de Feriene Steaten. De race wurdt riden op de Indianapolis Motor Speedway yn Speedway, Indiana. De 500 yn de namme fan de race is de ôfstân fan 500 myl dy't riden wurdt. 500 myl is sa likernôch 805 km, wat oerienkomt mei 200 rûnden. De race heart mei de 24 oeren fan Le Mans en de Grand Prix fan Monako ta de ferneamdste races fan de autosport.

De "Indy 500" wurdt alle jierren riden op de snein foar Memorial Day. De winner fan de race wurdt ferivige op de Borg-Warner trofee.

De Indianapolis Motor Speedway wie in inisjatyf fan Carl. G. Fisher, James A. Allison, A.C. Newby en Frank H. Wheeler en waard iepene yn 1909. De ovale baan is 2 myl lang (4 kilometer) en draacht de bynamme The Brickyard (de klinkertdyk); de pitstrjitte wurdt ek wol Gasoline Alley (bensineleantsje) neamd. De wei bestie ynearsten út in mingsel fan tarre en stienslach, mar waard al gau ferfongen troch klinkerts. Oan 'e dei fan hjoed ta lizze der by de start as oantinken dêroan noch in pear rigen klinkerts dwers oer de baan. Under de asfaltlaach lizze noch hieltyd de orizjinele klinkers.

Emerson Fittipaldi yn in Penske PC-23 by de Indy 500 yn 1994.

Der waarden fan 1909 ôf al in stikmannich nasjonale wedstriden mei auto's organisearre, mar yn 1911 folge de earste 500 mylsrace. Dy waard wûn troch Ray Harroun yn in Marmon Wasp, in 7820 cc seissilinder. De earste technyske foarútgong kaam lykwols al yn 1913, doe 't de Frânsman Jules Goux mei in tige lichte Peugeot (in grand-prixmodel út 1912) de wedstriid wûn. Dêrmei waard fuortendaliks dúdlik dat lichte bou de foarkar hie boppe grutte motoaren yn swiere auto's, lykas de Amerikanen brûkten.

Ek oare Europeeske fabriken, lykas Sunbeam, Mercedes, Bugatti, Delage en Alfa Romeo wienen foar 1920 noch aardich súksesfol. Dêrnei waard it ferskil yn konstruksje te grut. De Europeeske auto's wienen boud foar slingerjende sirkwys mei in soad snelheidsferskillen (faak remje en gau wer gasjaan) wylst de Amerikaanske auto's makke wienen foar symmetryske en aaifoarmige sirkwys dy't allinnich fol gas linksom gienen. Sûnt 1920 is de wedstriid benammen in Amerikaanske oangelegenheid.

De race hat, krekt as de mear op Europa rjochte Formule 1, in poadium west foar grutte technyske ûntwikkelingen, lykas foartsjiloandriuwing en fjouwertsjiloandriuwing, ûntwikkeling fan mearsilindermotoaren (8 silinders en mear), turbokompressoaren, bettere bûzjys, ensafuorthinne. De grutte omslach kaam yn 1961 fan in Europeeske konstrukteur. Der waarden foar dy tiid allinnich "roadsters" brûkt, auto's mei de motor foar yn 'e auto en dus foar de bestjoerder. De Brit John Cooper skreau twa formule 1 raceauto's yn mei de motor efter yn 'e auto en dus efter de bestjoerder. Dat joech net fuort in oerwinning, want de auto's mei 240 pk hienen simpelwei te min fermogen. It joech de Amerikaan Mickey Thompson wol de ynspiraasje om ek sokke auto's te meitsjen. Yn in pear jier tiid wie it hast dien mei de roadsters. Dochs woenen de konservative Amerikanen it net gewurde litte: yn 1970 besocht Jim Hurtubise it nochris mei in roadster, de Maxson Offenhauser Turbo, mar syn besykjen wie om 'e nocht.

Ferneamde Europeanen by de Indy 500 wienen Dario Franchitti mei 3 oerwinningen (2007, 2010, 2012), Arie Luyendyk en Dan Wheldon elk mei 2 oerwinningen. Formule 1 wrâldkampioenen Jim Clark (1965) en Graham Hill (1966) wûnen ek.

Yn 2021 sette Hélio Castroneves in nije rekôrtiid del mei in gemiddelde snelheid fan 190,690 mph (306,886 km/h).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Indianapolis 500 – foto, fideo en harktriemmen