Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Ipatjev-kleaster

Ut Wikipedy
Ipatjev-kleaster
Ипатьевский монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Kostroma
plak Kostroma
koördinaten 57° 46' N 40° 53' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1432 of earder
opheffing 1919
weriepening 1993
Ynformaasje bou
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 441520312770006
Webside
ipatievsky.ru
Kaart
Ipatjev-kleaster (Kostroma)
Ipatjev-kleaster

It Ipatjev-kleaster fan de Hillige Trije-ienheid of Hypatiuskleaster (Russysk: Свято-Троицкий Ипатьевский монастырь) is in Russysk-Otterdokse Tsjerke otterdoksk manljuskleaster yn 'e Russyske stêd Kostroma. It leit oan it westlike diel fan 'e stêd, fuort by it plak dêr't de Kostroma yn 'e Wolga mûnet. De histoarikus Nikolaj Karamzin ûndiek yn it kleaster de Hypatiuskronyk, in manuskript út 1425, dat in soad ynformaasje jout oer it súdlike diel fan Ruslân út âldere, net mear besteande kroniken.

De skriftlike boarnen fan it kleaster geane werom nei 1432, mar der wurdt fanút gien dat de stifting fan it kleaster al in iuw earder plakfûn hat. It kleaster soe troch in ta it kristendom bekearde Tataarske prins Tsjet stifte wêze, as in tankbetsjûging foar in wûnderlike genêzing. De prins tsjinne oan it hôf fan Ivan I en ûnderweis nei de grutfoarst waard er bot siik. By in oprisping fan 'e koarts ferskynde him de Mem Gods mei de martler Hypatius en de apostel Fillipus, dy't him genêzing ûnthieten as er him dope liet.

It Ipatjev-kleaster yn 1613.

Neffens it ferhaal soe prins Tsjet in foarfaar wêze fan it bojareskaai fan Godûnov. Yn 'e lette 16e iuw waard it kleaster mei grutte skinkingen troch tsaar Boris Godûnov begeunstige. Yn dy tiid binne de houten gebouwen en de Trijienheid-katedraal ferfongen troch stiennen gebouwen, dy't noch foar in part besteane. Dêrnjonken krige it kleaster in nije ommuorring mei wartuorren.

Tiid fan Reboelje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Tiid fan de Unstjoer makke it kleaster in tiid fan delgong troch. De argimandryt fan it kleaster en de hegumen fan it oanbuorjende Epifanykleaster swarden trou oan 'e Falske Dimitri I en sa kaam it kleaster yn hannen fan 'e Poalsk-Litouske fijân. Tsjin 'e ein fan febrewaris 1609 kamen de ynwenners fan Kostroma yn opstân tsjin de frjemde hearskers en belegeren it kleaster, mar de sterke muorren mei de 27 kanonnen makken dat it kleaster net maklik yn te nimmen wie. Ek nei't der fersterkings oankamen, duorre it noch seis moannen, ear't it slagge om it kleaster fan 'e Poalske troepen te befrijen.

Doedestiids wenne oant de befrijding de lettere tsaar Michael Fjodorovitsj Romanov mei syn mem Ksenía Sjestova, dy't de kleasternamme Marfa oannommen hie, yn ien fan 'e sellen fan it Ipatjev-kleaster. Nei de befrijing fan it kleaster waard de noch jonge Michael yn 'e âldens fan 16 jier dêr as earste Romanov ta tsaar fan Ruslân keazen. Mei de kroaning yn 'e Trije-ienheidkatedraal kaam der feitlik in ein oan 'e Tiid fan 'e Unstjoer. De Romanov-dynasty begûn yn it Ipatjev-kleaster en einige yn 1917 mei de eksekúsje fan 'e keizerlike famylje yn it Ipatjev-hûs yn Jekaterineburch.

Romanov-tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kroanen fan de tsaar yn it kleaster fan Kostroma.

Troch de goede bannen mei de Romanov's gyng it kleaster in nije bloeiperioade yn 'e mjitte. De tsaren beskôgen it kleaster as harren famylje-hillichdom en alle kearen as der wer in tsaar kroand waard, fûnen hja it harren plicht om in besite oan it kleaster te bringen en it mei rynske jeften te oerladen. Michael Fjodorovitsj liet lâns de westlike muorre de saneamde "Nije Stêd" bouwe. It waard omfrede mei hegen muorren en twa tuorren en in poarte (fanwegen de griene dakpannen de 'Griene Toer' neamd).

Tsaar Nikolaas bringt in besite oan it kleaster yn 1913.

Op 29 jannewaris 1649 feroarsake in eksploazje fan krûd, dat opslein wie yn it kleaster, de ferneatiging fan 'e Trije-ienheidkatedraal. De katedraal waard ferfongen troch in folle gruttere katedraal en waard yn 1685 mei fresko's beskildere troch skilders ûnder lieding fan Gûry Nikitin.

Yn it ramt fan in besite fan Katarina de Grutte waard yn 1767 de Katarinapoarte boud, dat de haadyngong fan it kleaster waard.

Under lieding fan Konstantyn Andrejevitsj Thon fûn der yn 'e jierren 1857-1863 in grutskalige ferbouwing plak. By de kant fan 'e Kostroma-rivier waard in daam oanlein, dy't it kleaster en de fortifikaasjes beskermje moast tsjin heech wetter yn 'e maaitiid. De arsjitekt liet ek de Tsjerke fan Krysanthus en Darius boppe de hillige poarte en de yn 1934 ôfbrutsen fiifkoepelige Tsjerke fan 'e Berte fan 'e Mem Gods bouwe. Tagelyk waard ek it Paleis fan de Romanovs mei de brede keninklike trap nei de twadde ferdjipping boud.

It kleaster waard yn maaie 1913 it sintrum fan feestlikheden yn it ramt fan it 300-jierrich jubileum fan 'e Romanov-dynasty. Tsaar Nikolaas II brocht in besite oan it kleaster en útfanhûze doe yn in spesjaal foar de tsaar boud houten hûs bûten de muorren fan it kleaster.

Sovjet-perioade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De yn 1934 ôfbrutsen Tsjerke fan de Berte fan de Mem Gods (1910, Sergej Prokûdin-Gorsky).

Nei de Oktoberrevolúsje waard it kleaster yn 1919 opheft, de muontsen en biskop Filaret waarden ferballe en al it ûnreplik kleasterguod waard nasjonalisearre. De bolsjewiken wiene noch mear as earne oars ferbiten yn it ferwoastgjen fan it tsjerklike erfguod: Kostroma waard beskôge as de widze fan de Romanov's en al fuort nei de revolúsje waard útein set mei de ferneatiging fan katedralen en tsjerken.[1] Fan it kremlyn fan Kostroma, dat tsjintwurdich (2018) wer rekonstruearre wurdt [2], bleau sa goed as neat oer. Lykas by alle oare Russyske tsjerken en kleasters stielen de bolsjewiken yn maart 1922 ek al it liturgysk reau, lampen, kandelaren en ikoanen mei in totaal gewicht fan 14 kilo goud en 200 kilo sulver út de tsjerken fan it Ipatjev-kleaster.

De gebouwen fan it Ipatjev-kleaster waarden nei in brân oanpast foar oare funksjes, lykas ûnderkommens foar de arbeiders fan 'e tekstylfabriken en joegen yn 1936 húsfêsting oan likernôch 700 minsken. Yn 'e Tsjerke fan 'e Berte fan de Mem Gods wie, oant it gebou yn 1934 opblaasd waard, in anty-religieus museum ûnderbrocht. It wie ek it plan om de muorren en de oare tsjerken ôf te brekken, mar dêr is it net mear fan kommen.

Healwei de jierren 1940 begûn de hâlding fan 'e oerheid foar it religieuze kultuerbesit oer stadichoan te feroarjen. Om't it wetter fan 'e Kostroma regelmjittich legere lânsdielen oerspielde en der in opslachmar oanlein waard, moasten der doarpen ûntromme wurde. Ferskillende weardefolle houten gebouwen lykas tsjerken en buorkerijen binne yn dy tiid doe oerbrocht nei de "Nije Stêd". As earste arrivearre de op peallen steande Transfiguraasjetsjerke (1628) út it doarp Spas-Vezj.[3] Yn 1958 waard it Steatsmuseum fan Kostroma foar Skiednis, Arsjitektuer en Keunst ûnderbrocht yn it Ipatjev-kleaster. Dat iepenloftmuseum kaam in fierdere teloargong fan it kompleks tefoaren.

Yn 'e jierren 1980 foarme it kleaster it dekor fan ferskate films, lykas A Cruel Romance fan Eldar Rjasanov en Dark Eyes (1987) fan Nikita Michalkov. De oanlis fan in brêge oer de Kostroma-rivier ferbûn it kompleks yn 1986 mei it sintrum fan 'e stêd.

F.l.n.r.: Poartetsjerke, Trije-ienheidkatedraal en klokketoer.

Op 23 novimber 1989 waard der foar it earst sûnt it sluten fan it kleaster wer in earetsjinst fierd. Yn 1991 waard de kleastermienskip wer ynskreaun en yn 1993 folge ûnder protest fan it museum de oerdracht fan de Nije Stêd oan de kleastermienskip. Yn 2002 gyng de houten 17e iuwske Transfiguraasjetsjerk, ien fan de earste gebouwen dy't foar it iepenloftmuseum nei it kleaster oerbrocht waard, troch brân ferlern.

De tusken 2008 en 2015 rekonstruearre Berte fan 'e Mem Gods-tsjerke.

Op 30 desimber 2004 droech de federale oerheid neffens in dekreet fan Vladimir Pûtin ek alle oare gebouwen fan it Ipatjev-kleastser oer oan it bisdom Kostroma. Tagelyk fûn der in restauraasje fan de gebouwen plak. Presidint Dmitri Medvedev joech yn 2008 opdracht om de yn 1934 opblaasde Tsjerke fan 'e Berte fan de Mem Gods yn oarspronklike foarmen te rekonstruearjen. De tsjerke wie yn 2015 foltôge.

Oant no ta besochten alle presidinten fan de Russyske Federaasje it kleaster:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Ипатьевский монастырь