Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

It Gryn

Ut Wikipedy
In swarm fûgels op It Gryn
Fideo: Natoer op It Gryn (1975)

It Gryn is in Nederlânsk Waadeilan tusken Harns en Skylge. It heart ta de gemeente Skylge. De bewenners fan it Gryn binne foaral kobben en klikstirnsen.

It Gryn is it heechste punt fan de Grynderwaard, in sânplaat. Dêrmei is it it ienichste eilân yn Nederlân dat wier óp it waad leit, wylst alle oare waadeilannen op de râne fan it waad lizze.

Der is in leginde dat op it Gryn foar de Sint Lusiafloed op 12 desimber 1287 in doarpke, of sels in stêd lein hat (Stedeke Grint), mar dêr is gjin wissigens oer. It is al bekend dat der al iuwenlang in soad fûgels op it eilân binne; de Skylgers hienen de gewoante om op Gryn te aaisykjen. Dêr kaam in ein oan doe't it Gryn yn 1912 ûnder de Fûgelbeskermingwet rekke. Yn de rin fan de iuwen moat it Gryn ek kilometers wannele hawwe, mar ek dat is net presys bekend. Wol is bekend dat it eilân yn de earste helte fan de 20e iuw alle jierren sa'n sân meter nei it easten wannele.

Om't nei 1940 it eilân yn grutte weromrûn, hat der yn 1958 in sântafoeging west om it yn stân te hâlden, mar earst nei't der yn 1973 in sânwâl fan 200 meter dellein is, en in 1988 noch in sânwâl, waard it fuortbestean fan it eilân foarearst feilichsteld. De maatregel hat ta gefolch hân dat him tsjintwurdich wer in fêste gersfegetaasje op it eilân oan it foarmjen is.

Yn de briedtiid hâlde twa wachters fan Natuermonuminten, dat it eilân yn erfpacht hat, it each op it eilân. Yn it ferline hat der ek wolris in skriuwer in skoftke op it eilân trochbrocht. Mar de fêste ynwenners fan it Gryn binne dochs de fûgels, de toeristen binne fûgels dy't der te sommerjen of te winterjen komme, en de trochreizgers binne de trekfûgels, dy't op it Gryn in rêstplak fine.