Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Ivanovo

Ut Wikipedy
Ivanovo
Loftfoto fan Ivanovo by it Pûsjkinplein
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Ivanovo
Sifers
Ynwennertal 399 983 (↓) (2022)
Oerflak 104,84 km²
Befolkingstichtens 3815,18 ynw./km²
Stêdekloft 654.445
Hichte 120 m
Oar
Stifting 1608 Stêd sûnt 1871
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 56° 59' N 40° 58' E
Webside Side fan de stêd

Ivanovo (Russysk: Иваново) is in stêd yn it oblast Ivanovo yn it westlike diel fan de Russyske Federaasje. Ivanovo is bestjoerlik sintrum fan it oblast mei deselde namme en hat 405.053 (2019) ynwenners op in oerflak fan 104,84 km². De stêd stiet bekend as in sintrum foar de produksje fan tekstylprodukten.

Ivanovo leit 254 km súdeastlik fan Moskou en likernôch 100 kilometer fan de stêden Jaroslavl, Vladimir en Kostroma. De Uvod-rivier, in sydrivier fan de Kljazma, rint fan noard nei súd troch de stêd en ferdielt Ivanovo yn in eastlik en westlik diel. De Uvod yn Ivanovo hat twa sydrivieren: de Talka en Kharinka.

Katoenspinnerijfabryk yn Ivanovo (jierren 1930)

Ivanovo waard foar it earst neamd yn 1609. De moderne stêd ûnstie yn 1871 troch it doarp, ien fan de russyske sintra foar de produksje fan flaaks en de flaaksweverijen, gear te foegjen mei it oanbuorjende Voznesenski posad, in yndustrieel sintrum mei in tal fabriken, in sikehûs en in skoalle. By de fúzje fan de plakken krige de stêd de namme Ivanovo-Voznesensk. Yn dy tiid hie it plak sa'n 20.000 ynwenners. Pas yn 1932 waard de namme fan de stêd feroare yn Ivanovo.

Troch de grutte earmoede en de sosjale ûnrjochtfeardigens ûnstie yn Ivanovo-Voznesensk in machtige revolúsjonêre beweging, dy't in grutte rol spile yn de earste Russyske Revolúsje. De earmoede feroarsake sosjale spannings en makke de befolking fetber foar revolúsjonêre ideeën en it ûntstean fan in stakingbeweging. Neffens de Sovjet-histoarikus fûn de earste staking al plak yn 1871. Yn 1885 gyngen tûzenen wevers yn staking om harren easken om hegere leanen en it ôfskaffen fan nachtarbeid krêft by te setten. Pas nei it yngripen fan de gûverneur krigen de arbeiders tasizzings, wêrûnder in leansferheging fan 5%.

Earste revolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Offurdigen fan de earste Sovjet

Op 12 maaie 1905 begûnen arbeiders mei in algemiene staking dy't 72 dagen duorre. Tûzenen minsken namen diel oan de staking fan hast alle bedriuwen yn de stêd. De stakers hiene 30 easken oan de fabrikanten foarlein: de measte wiene ekonomysk, lykas it fêststellen fan in minimum lean, de ynfiering fan in wurkdei fan acht oeren, it ferbetterjen fan de sanitêre omstannichheden foar wurknimmers ensafuorthinne. Der wiene lykwols ek politike easken, lykas de fiering fan 1 maaie, in konstitusjoneel regear en de ynfiering fan demokratyske rjochten. De easken fan de stakers waarden ûnderstipe troch de RSDAP. De fabrikanten wegeren iepen ûnderhannelings en woene in ferkiezing fan fertsjintwurdigers fan eltse fabryk en sa ûnstie in arbeidersried fan 151 ôffurdigen, dy't bekend waard as de earste sovjet fan Ruslân. De fabrikanten woene leafst ûnderhannelings per fabryk, mar de arbeiders setten kollektive ûnderhannelings troch. De geheime tsjinst soarge ûndertusken foar ynformanten tusken de ôffurdigen. De fabrikanten joechen nei lange ûnderhannelings foar in diel belies en de arbeiders wisten konsesjes te krijen oer wurktiidferkoarting, in leansferheging en omtinken foar froulju dy't swier wiene en memmen dy't de tate joechen. De fabrikanten wegeren lykwols om alle ôfspraken nei te kommen, itjinge opskuor feroarsake ûnder de arbeiders. It net neikommen fan de ôfspraken liede der ta dat de Arbeidersried op 19 july it wurk dellei.


Oktoberrevolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De yn de jierren 1930 sloopte Trije-ienheidskatedraal

Op 21 oktober 1918 waard yn Ivanovo-Voznesensk en omkriten in grutte staking ûnder lieding fan Michail Vasiljevitsj Frûnze en oare bolsjewiken útroppen. Op 25 oktober hearden se dat de macht yn Petrograd yn hannen wie fan de bolsjewiken. De ried fan Ivanovo-Voznesensk, dy't al lang op dy ûntwikkeling tared wie, organisearre no sels in revolúsjonêr haadkertier en sa foel de macht fan Ivanovo-Voznesensk yn hannen fan de Sovjets sûnder it lossen fan ien skot.

De Himelfeartsjerke, ien fan de yn de jierren 1930 ôfbrutsen monumintale tsjerken fan Ivanovo

Yn de jierren 1920 en 1930 makke de stêd in grutte bloei troch. De stêd waard in sintrum fan de modernistyske keunst. Yn 1932 waard Ivanovo-Voznesensk omdoopt ta Ivanovo. Yn itselde tiidrek gyng in grut diel fan it kulturele erfgoed fan de stêd ferlern. De measte tsjerken fan de stêd waarden ôfbrutsen en alle âlde begraafplakken waarden sûnder rekken te hâlden mei de gevoelens fan bewenners opheven. Guon fan dy gebouwen waarden doe ek al beskôge as weardefolle monuminten en der wiene minsken dy't harren útsprieken tsjin de ferneatiging, lykas de arsjitekt L.A. Iljin, mar it wie om 'e nocht. Op it plak fan de ôfbrutsen tsjerken fan it eardere Pokrovski-kleaster waard yn 1939 in teäter iepene en op it sintrale plein fan de stêd, it Plein fan de Revolúsje, waard op it plak fan in earder tsjerkekompleks begûn mei de bou fan it Hûs fan de Sovjets. Yn 1989 wie der noch mar ien otterdokse tsjerke yn de stêd foar de earetsjinst beskikber. In groep froulju gyng doe yn hongerstaking op de treppen fan de Maria-Presintaasjetsjerke om te easkjen dat it gebou werom jûn waard oan de tsjerke om it wer te iepenjen foar de earetsjinst. De saak soarge foar in soad omtinken yn de media, sawol yn as bûten de Sovjet-Uny en einige mei de oerdracht fan it gebou oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Yn 1991 waard de tsjerke ûnderdiel fan in kleaster.

Nei it ynstoarten fan de Sovjet-Uny stûke de yndustry by de oerskeakeling nei de merkekonomy. Oarsaken wiene it ferbrekken fan de ekonomyske bannen mei de Sintraal-Aziaatyske lannen dy't katoen leveren, heffings en de koartsichtigens fan nije bedriuwsmanagers. Tsjintwurdich binne der noch mar in pear fabriken mei ferâldere wurkprosessen. Guon sektoaren, lykas de kleanyndustry en de grut- en detailhannel yn tekstyl, behellen oan it begjin fan de 21e iuw wer nije ekonomyske súksessen.

Ivanovo hat in kontinintaal klimaat mei lange, kâlde winters en koarte, waarme simmers. De kâldste moanne is jannewaris mei in trochsneed temperatuer fan -12,1 ° C. De waarmste moanne is july, mei in trochsneed temperatuer fan 18,1 ° C.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Demografyske ûntwikkeling fan Ivanovo fan 1897 oant 2019
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2019 2022
befolking 54.208 285.182 335.161 419.639 464.526 481.042 431.721 408.330 405.053 399.983
Stedsrajon Russyske namme Ynwenners
1 jannewaris 2006
Opmerking
Frûnsenski Фрунзенский 110.487 Ferneamd nei Michail Frûnse
Leninski Ленинский 150.593 Ferneamd nei Vladimir Lenin
Oktjabrski Октябрьский 87.790 Oflaat fan Oktjabr (Oktober, itjinge slacht op de Oktoberrevolúsje)
Sovetski Советский 64.198 Namme betsjut Sovjetyske Rajon

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Deensktalige en Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: da:Ivanovo en de:Iwanovo