Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Jacobus Johannes Westendorp Boerma

Ut Wikipedy

Jacobus Johannes Westendorp Boerma (Blije, 9 desimber 1901 - Zierikzee, 16 septimber 1970) wie in Nederlânsk histoarikus.

Koos Westendorp Boerma wie in soan fan de herfoarme predikant en lettere heechlearaar Nicolaas Westendorp Boerma en Henderika Johanna Cremer. Nei it dienmeitsjen fan syn gymnasiumoplieding yn Ljouwert studearre er skiednis oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn de lêste faze fan syn stúdzje die er ûndersyk nei de skiednis fan de Nederlandsche Handel-Maatschappij. Yn 1926 slagge er foar it doktoraaleksamen en 1927 promovearre er op it proefskrift Johannes van den Bosch als sociaal hervormer: de Maatschappij van Weldadigheid. Syn promotor wie H. Brugmans.

Ek nei syn stúdzjetiid hâlde er yntresse foar de figuer Van den Bosch. Troch kontakten mei dy famylje krige er Van den Bosch syn korrespondinsje ta foldwaan. Westendorp Boerma publisearre op grûn dêrfan de briefwikseling tusken Johannes van den Bosch en Jean Chrétien Baud, út de perioade dat sy efterelkoar gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje wiene.

Ein 1927 boaske Westendorp Boerma yn Frankfort mei de maatskaplik wurkster Gertrud Schlosser. Koart skoft earder wie er yn Zierikzee learaar oan de Ryks HBS wurden. Hy publisearre oer de skiednis fan dat plak en wie belutsen by it realisearjen fan it gemeentlik histoarysk museum en krewearre foar it behâld fan monuminten yn Zierikzee. Dêrnjonken skreau er 1933-35 in Leerboek der geschiedenis (twa dielen) dat oant yn de jierren sechtich op in soad middelbere skoallen brûkt waard. Yn 1938 waard er direkteur fan de HBS en yn 1946 rektor fan it wilens foarme lyseüm. Hy gong yn 1967 mei pinsjoen en wie doe op 'en nij dwaande mei ûndersyk nei Johannes van den Bosch en neisieten, doe't er septimber 1970 mei 68 jier ferstoar.

Westendorp Boerma krige 1952 drager de sulveren earepeinje fan de stêd Zierikzee en wie sûnt 1957 Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

  • Johannes van den Bosch als sociaal hervormer: de maatschappij van weldadigheid. Ipenbuur & Van Seldam, Amsterdam, 1927 (proefskrift)
  • De historische schoonheid van Zieriksee. De Lange, Amsterdam, 1946
  • Twintig eeuwen geschiedenis van het Nederlandse volk. Scheltens & Giltay, Amsterdam, 1948 (2e pr.)
  • Een geestdriftig Nederlander: Johannes van den Bosch. Querido, Amsterdam, 1950 (mei stipe fan it Prins Bernhard Fûns en de famylje Van den Bosch)
  • Zierikzee vroeger en nu (mei C.A. van Swigchem). Fibula-Van Dishoeck, Bussum, 1972 (postúm)
  • Leerboek der geschiedenis (2 dln.), faak fannijs printe.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]