Jaingastate
Jaingastate of Jangastate wie in stins/state oan de Humaldawei yn Grut Midhuzen ûnder Jouswier op de himrik fan Ie yn de gemeente Dongeradiel. Oer it ûntstean fan de state is neat bekend.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1511 besieten Tijepka Iwingen en Sytthie tegearre 63 pûnsmiet lân ûnder Jouswier (R.V.A. i, 164). Yn 1543 wurdt it goed Jaynge-staeden neamd en fan 1578 ôf Janga.
Jainga- of Jangastate wie yn 1640 foar de helte eigendom fan in juffer Fan Meckema, de oare helte wie fan gritenijsekretaris Lambertus fan Beyma. Op de Schotanuskaart (1664) waard it as "edele state" oanjûn. Neffens dy kaart fan 1664 lei it benoarden Lyts Midhuzen en neffens dy fan 1718 op de hoeke fan de Humaldawei en Winia's reed fan no. Lykas by Lyts Midhuzen jout Schotanus (yn 1664) Winia (en yn 1718) in stinswier. Winia en Jainga lykje trochelkoar helle te wêzen. Yn de stimkohieren hat it goed altyd besit fan adel en patrisiaat west. Op it stee fan de state stiet no in pleats, de stinswier is ôfgroeven.
Eigners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1511 besit fan Tijepka Iwingen
- 1640 juffer Fan Meckema en Lambertus fan Beyma (50/50)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|