Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Jan Wijga

Ut Wikipedy

Jan Wijga (Jelsum, 13 desimber 1902 - Eindhoven, 10 desimber 1978) wie in Nederlânske grafysk ûntwerper, (reklame)tekener en yllustrator fan Frysk komôf.

Wijga wie in soan fan bûtermakker Pieter Wijga en Doutje Huitenga. Jan groeit op yn Jelsum. Yn 1915 giet de húshâlding Wijga nei Amsterdam, dêr't heit Pieter keapman wurdt. Yn 1921 wurket Jan op in kantoar as er oproppen wurdt foar militêre tsjinst.
Nei syn tsjinsttiid folget hy in oplieding oan it 'Instituut voor Kunstnijverheidsonderwijs', de lettere Gerrit Rietveld Akademy en oan it 'Tekeninstituut Piersma' yn Amsterdam. Hy ûntjout him ta reklame-tekener. Yn 1927 ferskynt fan syn hân in reklameplaat fan de firma J.C. Boldoot. Neffens de krante Het Volk "niet bepaald een specimen van moderne reklame, maar wel lief en charmant, dat Biedermeyermeisje temidden van bloesems..."

Yn maart 1928 bringt de Koninklijke Luchtvaartmaatschappij voor Nederland en Koloniën in reklameplaat fan Wijga út mei it bekende "Vliegende Hollander" tema. Op dy plaat is in Fokker F.VIII te sjen mei it skip op de eftergrûn en de tekst 'Eens Legende - thans Werkelijkheid'. Datselde tema is noch hiel wat kearen en yn meardere talen troch de KLM brûkt, mei hieltyd modernere fleantugen.

Wijga makket yn de folgjende jierren reklame-printwurk foar û.o. de ynternasjonale tentoanstelling 'De Suiker' (1931), de spoarweitentoanstelling 'De Trein 1839-1939' (1939), de Amstel- en Oranjeboom-bierbrouwerijen, de Robinson-skuonfabriken, de Holland-Amerika Lijn, it Theebureau Koloniaal Instituut, Ford Nederlân en de Philips-fabriken.
Ek wurket hy as yllustrator fan boeken, û.o. 'Het Bruine Monster' fan Han Hollander.

Fan 1944 ôf wennet Jan Wijga yn Amsterdam op it adres Plantage Parklaan 6, dêr't er syn atelier op de souderferdjipping hat. Yn 1957 ferhuzet Jan Wijga nei Eindhoven. Dêr is er op 10 desimber 1978 ferstoarn.

  • Peter Karstkarel. De reclame door Jan Rotgans, Piet van der Hem, en Jan Wijga. Alternatyf, 1976.