Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Jehannes Ytsma

Ut Wikipedy
Jehannes Ytsma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jehannes Ytsma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 april 1957
berteplak Burgum
stoarn 9 desimber 2005
stjerplak Wergea
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Taalsosjolooch

Jehannes Ytsma (Burgum, 24 april 1957 - Wergea, 9 desimber 2005) wie in taalsosjolooch oan de Fryske Akademy yn Ljouwert.

Jehannes Ytsma studearre pedagogyske en andragogyske wittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wurke sûnt 1986 foar de Fryske Akademy. Ytsma hat publisearre oer twataligens yn Fryslân, oer de relaasje taal-identiteit en oer trijetalich basisûnderwiis.

Hy is yn 1995 promovearre op it proefskrift Frisian as first and second language (Frysk as earste en twadde taal). Ytsma hat in soad wittenskiplike publikaasjes op syn namme stean. Foar de Ljouwerter Krante fersoarge hy fan 1998 oant 2003 de taalrubryk 'Sisa'.

Jehannes Ytsma is op 48-jierrige leeftyd yn Ljouwert hommels ferstoarn.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]