Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Jistrum

Ut Wikipedy
Jistrum
Skoalstrjitte
Skoalstrjitte
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 940 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 8,26 km²
werfan lân: 7,04 km²
werfan wetter 1,21 km²
Befolkingsticht. 133 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 12' N 6° 3' E
Offisjele webside
Side Jistrum-Skûlenboarch
Kaart
Jistrum (Fryslân)
Jistrum

Jistrum is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, noardeast fan de Burgumer Mar, yn in kûlisselânskip yn de Fryske Wâlden. Jistrum leit oan it Fryske Wâldenpaad. Yn it súdwesten is it doarp mei de Burgumer Mar ferbûn troch de Jistrumer Opfeart. De westgrins fan de himrik wurdt foarme troch de Kûkhernster Feart en it Knillesdjip is de súdgrins.

Sûnt 1989 is de Frysktalige plaknamme de offisjele namme. It noardlik part fan de buorskip Skûlenboarch heart ek ta it doarp.

Jistrum hat 940 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

De namme Jistrum/Eestrum wurdt yn ferbân brocht mei 'ies' ('es') en 'hiem'. It doarp hie yndertiid trije iezen oan wjerskanten fan de hjoeddeiske Ieswei: de Ies, it Koartlân en de Gjisten. Yn de 17e iuw kamen de Oegekamp en de Eastlike Fjilden dêr noch by.

Loftfoto Jistrum (2006)

Oan de rânen fan de ikkerlannen waarden pleatsen op hiemen boud en sa ûntstie it hjoeddeiske doarp. Yn 1511 wiene der 24 pleatsen, dy't de omlizzende grûn as mienskiplike grûn brûkten.

Achterwei

Ek hearden healannen ('de Mieden' en 'de Briek') en de 'Jistrumermar' (it Jistrumer diel fan 'e Burgumermar foar fiskjen en sânwinning) by it doarp. Yn 1638 waard de mienskiplike grûn opheven en ferdield yn brede stripen lân, dy't apart fan inoar oan de boeren tadield waarden. Dy binne noch altiten te werkennen yn it lânskip. Yn 'e rin fan 19e iuw rekken de mingde boerebedriuwen út 'e tiid en waard der oergien op it allinne hâlden fan fee.

Súdlik fan de Achterweg lei eartiids de heide. Dy grutte heidefjilden wiene ûntstien nei't de bosken ôfbaarnd waarden om plak te meitsjen foar de lânbou.[3] De sânreed jout noch altiten de grins oan, dy't eartiids de heide fan it doarpsgebiet skiede.

Yn de rin fan de tiid wreide de doarpsbebouwing him út yn de foarm fan lintbebouwing lâns de diken, sadat Jistrum jimmeroan minder it karakter krige fan in iesdoarp. Mei de oanlis fan de Grinzer Strjitwei yn 1830 ferlear de Alde Harstewei noardlik fan Jistrum de funksje as ferbiningswei. De Koaiwei waard doe oanlein om it doarp mei de Grinzer Strjitwei te ferbinen.

Skoalstrjitte 31

In foar de krite karakteristike boufoarm fan pleatsen is de saneamde Burgumermarpleats. Dat type ûntstie yn 'e earste helte fan de 19e iuw en hat in foarhûs dwers op de skuorre, wêrfan't it reiten tek trochrint oer it foarhûs. In foarbyld dêrfan is de pleats oan de Skoalstrjitte 31, dy't in ryksmonumint is. Oare pleatsen mei de status fan ryksmonumint steane oan de Skoalstrjitte 54 en de Skoalstrjitte 59.

Pleatslik belang set him yn foar de belangen fan Jistrum/Skûlenboarch. Jistrumers wurde foar oksen útmakke. De doarpskrante fan Jistrum ferwiist nei dy skelnamme en hjit 't Oksenijs.

Tsjerklik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Petrustsjerke
De Wikipedy hat ek in side Sint-Petrustsjerke (Jistrum).
  • De eardere herfoarme Sint-Petrus- of doarpstsjerke is de tsjerke fan de protestantske gemeente fan Jistrum
  • De eardere grifformearde tsjerke tsjinnet as it tsjerklik ferieningsgebou. Yn de tsjerke waard nei de foarming fan ien protestantske gemeente foar it lêst yn 2006 in tsjinst holden.

De protestantske Sint-Petrustsjerke datearret fan de 13e iuw, al yn ± 1230 melding makke wurdt fan de tsjerke as eigner fan greide yn de mieden. It is in gebou yn romaanske styl mei goatyske finsters. Opfallend binne de lytse finsters yn it skip fan de tsjerke, dy't ek wol leproazefinsters neamd waarden. Boppe op de toer stiet in wynwizer yn 'e foarm fan in hynder. De tsjerke hat in monumintaal oargel út 1710-1720, dat earder yn de grifformearde tsjerke hong.

Achterwei rjochting Ieswei
  • Tonielferiening 'De Snieskeppers'
  • Muzykferiening Joost Wiersma. Oant de jierren fjirtich hie it doarp in muzykkoepel, mar dy is doe fuorthelle omdat er bot fertuteaze rekke wie. Sûnt 2005 hat Jistrum oan de Fjildwei wer in muzykkoepel.[4]
  • Fuotbalferiening Jistrum. It fjild en de kantine lizze oan de Fjildwei.
  • Sportferiening 'Tonevido
  • Fûgelwacht Jistrum
Skoalstrjitte 59

Om in skoalle foar it doarp te behâlden binne'yn 2019 de kristlike basisskoalle 'De Finne' en de iepenbiere basisskoalle It Iepen Stee fusearre ta de 'Bernemienskip de Greide.[5]. De skoalle falt ûnder it Protestansk Kristlik Basisûnderwiis (PCBO) Tytsjerksteradiel.

De histoaryske befolkingsûntjouwing fan Jistrum:

Achterwei, Buorrefinnewei, Buertleane, De Geasten, De Meren, Fjildwei, Heidewei, Hessel Loonstrastrjitte, Ieswei, Joost Wiersmawei, Koaiwei, Marwei, Miedwei, Ryksstrjitwei, Rûnhof, Skoallestrjitte, Tillepaad, Tillewei, Wyldpaad.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tytsjerksteradiel
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
· · Berjocht bewurkje