Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Joadsk Histoarysk Museum

Ut Wikipedy
Joadsk Histoarysk Museum.
De Heechdútske Synagoge, no Joadsk Histoarysk Museum yn Amsterdam.
Opgraving fan de Mikwe yn it Joadsk Histoarysk Museum yn Amsterdam.

It Joadsk Histoarysk Museum is in museum yn Amsterdam dat de Joadske kultuer, religy en skiednis beljochtet. De museumkolleksje bestiet út mear as 11.000 keunstfoarwerpen, seremoanjele objekten en histoaryske objekten. Mar 5 persint fan de kolleksje is permanint yn it museum te zien. It oare part fan de kolleksje sit yn it depot en wurdt soms brûkt foar tentoanstellings.

It Joadsk Histoarysk Museum is troch de Stichting Joadsk Histoarysk Museum op 24 febrewaris 1932 yn de waach fan Amsterdam oprjochte mei de doelstelling: "it samljen en tentoanstellen fan datjinge, dat in byld jout fan it joadske libben yn it algemien en it Nederlânske Joadske libben yn it bysûnder, alles yn de meast romme sin fan it wurd, it besprekken yn gearkomsten fan ales dat Dêr mei anneks is en it te baat nimmen fan alle sadanige middels dy't Joadske keunst en wittenskip befoarderje kinne."

Yn de Twadde Wrâldoarloch waard it museum ta sluten twongen en waard in grut diel fan de kolleksje yn beslach nomd. Nei de oarloch kaam mar in part dêrfan werom.
By de weriepening op 14 july 1955 troch premier Willem Drees waard yn it museum mear de klam lein op de skiednis en kultuer fan de Nederlânske joaden. De kolleksje oarlochsdokuminten waard dêr in wichtich diel fan.

Op 3 maaie 1987 waard it museum ferpleatst nei it Jonas Daniël Meijerplein. Dêr kaam it museum yn de fjouwer Heechdútske synagogen dy't nei mear as sadanich brûkt waard: de Grutte Sjoel (1671), Obbene Sjoel (1685), Dritt Sjoel (1700) en de Neie Sjoel (1750/1752).

Op 17 desimber 2006 waard it Joadsk Histoarysk Bernemuseum iepene troch Job Cohen, doe boargemaster fan Amsterdam. It foarmet in ûnderdiel fan it Joadsk Histoarysk Museum.

Yn 2002 wûn it Joadsk Histoarysk Museum de twajierlikske Museumpriis fan it Prins Bernhard Kultuerfûns. Yn 2013 waard de BankGiro Lotterij Museumpriis, opfolcher fan de Museumpriis, oan it museum takend.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]