Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Jobbegea

Ut Wikipedy
Jobbegea
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 3.265 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 17,07 km², wêrfan
- lân: 16,96 km²
- wetter 0,11 km²
Befolkingsticht. 193 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 00' N 6° 07' E
Offisjele webside
webstee fan Jobbegea
Kaart
Jobbegea (Fryslân)
Jobbegea
Kaart
Lokaasje Jobbega (grien) yn 'e gemeente It Hearrenfean

Jobbegea (Stellingwerfsk: Jubbege) is it twadgrutste plak yn de gemeente It Hearrenfean. It doarp leit yn 'e noardeastpunt fan de gemeente. Yn'e himrik fan Jobbegea lizze ek de buorskippen Skuorregea (Stellingwerfsk: Schurige) en (in part fan) Welgelegen.

Jobbegea hat 3.265 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Jobbegea ûntstie yn 'e lette midsiuwen en waard yn 1408 Jobbegae neamd. Dat wie ynearsten oan de hjoeddeiske Skoatterlânskewei (eartiids de binnenwei), dy't Aldskoat mei Donkerbroek ferbûn. Súdlik fan de binnenwei lei eartiids de bûtenwei, mar dy wie yn de 19e iuw al ferfallen. Dat diel fan it doarp wurdt Jobbegea–Skuorregea neamd.

De mienskiplike tsjerke fan Jobbegea en Skuorregea

Jobbegea en it hjoeddeiske buorskip Skuorregea foarmen oarspronklik twa aparte doarpen mei elts in eigen tsjerke en in eigen preester. Om 't dy tsjerken brekfallich waarden en de doarpen gjin twa preesters ûnderhâlde koene, fersochten de doarpen yn 1540 om in mienskiplike tsjerke te bouwen. De doarpen krigen al gau tastimming fan 'e biskop en sa ûntstie der ien tsjerkedoarp, mar it duorre noch oant 1579 dat der in nije tsjerke tusken de binnenwei en de bûtenwei boud waard. Dy tsjerke út 1579 waard yn 1713 yn opdracht fan grytman Martinus fan Scheltinga op in oar plak ferfongen troch in nije tsjerke, dy't no bekend stiet as de Tsjerke fan Skuorregea.[3] De hjoeddeiske PKN-tsjerke fan Jobbegea waard pas yn 1865 boud, mei't yn 'e noardeastlike hoeke fan 'e himrik troch de feanterij en de oanlis fan de tredde slûs yn 'e Skoatterlânske Kompanjonsfeart in hiele nije doarpskearn fan Jobbegea ûntstien wie.

Súd fan de bûtenwei leine de healannen en noard fan de binnenwei leine de hege feanen. Yn 'e rin fan 'e 18e iuw wie de feanterij, dy't yn 1551 fanút It Hearrenfean nei it easten ta útein sette, oan Jobbegea ta. Fanwegen it wetterferfal yn 'e Skoatterlânske Kompanjonsfeart moast der in slûs boud wurde, de tredde slûs yn de feart fan gemeentegebiet fan Skoatterlân. Heaks op 'e Skoatterlânske Kompanjonsfeart waarden foar de ôfwettering wiken groeven en op it ûnlân setten feangravers har yn hutten nei wenjen. It gebiet súd fan de tredde slûs stie ek wol bekend as Belgje en foarmet de kearn fan wat letter De Kompenije neamd waard. Sa ûntstie in twadde kearn, dy't al gau folle grutter waard as de earste kearn en dat is no noch sa. Noch altiten wurdt de hjoeddeiske doarpskearn 'Jobbegea Tredde Slûs' of 'Op 'e Slûs' neamd, ek al is de slûs der net mear en is skipfeart troch de oanlis fan fêste dammen net mear mooglik.

Plaggehut yn Jobbegea (de man yn'e midden is de bewenner

Om 1900 hinne waarden mei stipe fan 'e 'P.W. Janssen’s Friesche Stichting' in soad hutten ferfongen troch arbeiderswenten en boerespultsjes.

De Tsjonger waard yn 'e jierren 1887-1888 kanalisearre. Oan de Berkeaperwei stiet in wyt ferve slûswachtershûs yn de sjalet-styl út dy tiid. It is ien fan de rige fan soksoarte wachtershuzen dy't doe oan de Tsjonger boud binne. It wachtershûs leit by de twadde slûs yn de Tsjonger.

Molkfabryk "Ons Belang”

Tusken Jobbegea en Skuorregea waard yn 1903 it molkfabryk 'Ons Belang' boud. Nei in pear fúzjes waard it fabryk yn 1968 sletten. De gebouwen wurde hjoed-de-dei troch oare bedriuwen brûkt.

It doarp lei oant en mei 30 juny 1934 yn 'e gemeente Skoatterlân. Sûnt foarmet Jobbegea ûnderdiel fan 'e gemeente It Hearrenfean.

Multyfunksoneel Sintrum De Kompenije

Jobbegea docht in soad mei Hoarnstersweach en de doarpen hawwe in mienskiplik pleatslik belang. Yn 2010 waard it nije Mulftyfunksjonele Sintrum De Kompenije iepene. Njonken de skoalle en de bibeteek meitsje ek in grut tal organisaasjes en sportferienings gebrûk fan it sintrum. De stifting Ferdivedaasje Jobbegea is der om inisjativen fan 'e befolking op it mêd fan kulturele aktiviteiten oan te trunen en út te fieren. It doarp hat in iepenloftswimbad oan de Leidyk.

Jobbegeasters wurde ek wol foar 'hânskrobbers' of 'turfklitsen' útskolden.[4]

PKN-tsjerke
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Skuorregea.
De Wikipedy hat ek in side Protestantske tsjerke fan Jobbegea.
De Poppebeam
Feantershûske By de Leidyk
Jier 1840 1954 1959 1965 1969 1974 1999 2001 2005 2010
Ynwenners 1062 2923 3001 2928 3018 2958 3260 3330 3372 3350
Jier 2015 2020
Ynwenners 3290 3250
  • Peaskesnein: peaskefjoer
  • Kompenije Rock
  • Ieris yn 'e twa jier mei Hoarnstersweach: it doarpsfeest fan trije dagen. Op de oare jierren is der in lyts doarpsfeest mei in saterdeitejûnsprogramma.
  • Ienris yn 'e trije jier: it Ekspansjefestival, dat fiif dagen duorret. De middenstân hat dan in beurs en der is in feestterrein mei in grut tal aktiviteiten.
  • De Poppebeam oan de By de Leidyk is in 24 meter hege bûkebeam út 1861 mei in stamme fan ± 5,5 meter omtrek.
  • Yn de maaitiid fan 1994 waard it doarp teheistere troch in protterpleach.
  • Jobbegea hat in protte boskjes om it doarp. Der is ek in hartekamp mei harten, geiten en einen.

Alle strjitten fan Jobbegea.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Reliwiki, 25 augustus 2023
  4. List mei skelnammen foar plakken en ynwenners fan Fryske plakken, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker.

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
· · Berjocht bewurkje