Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Johan de Witt jr.

Ut Wikipedy

Johan de Witt jr., hear fan Súd- en Noard-Linschoten, Snelrewaard, Hekendorp en IJsselveere (1662 - 1701) wie in Nederlânsk politikus út it laach De Witt. Hy wie de iennige soan fan Johan de Witt (1625-1672), riedpensjonaris fan Hollân en syn frou Wendela Bicker (1635-1668).

Yn it rampjier 1672 waard Pieter de Graeff fâld oer de fiif bern fan de fermoarde De Witt, ûnder oaren fan Johan.

Johan de Witt jr. wie weesmaster te Dordrecht (1684-1685). Dêrnei sekretaris (1688-1701) en fjirtichried (1695) fan Dordrecht.

Johan de Witt jr. wie troud mei syn nicht Wilhelmina de Witt (1671-1701), de dochter fan syn omke Cornelis de Witt (1623-1672) en Maria van Berckel (1632-1706). Harren bern wiene Johan (1694-1751), Ried fan Finansjen (riedshear en presidint fan de rekkenkeamer yn de Sudlike Nederlannen) fan de keizer fan Eastenryk yn Brussel en Cornelis de Witt (1696-1769). De lêste waard boargemaster fan Dordrecht en wie teffens hear fan Jaarsveld.[1]

Johan de Witt jr. hie in mânske bibleteek, dy't út de boekesamling fan syn heit en eigen oankeap bestie.

  1. Aldste soan Johan erfde de hearlikheden fan syn heit

Keppeling om ytens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]