Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Johannes Rataller

Ut Wikipedy

Johannes Rataller, ek: Johannes Rotaller († 1540 of 1551) is de soan fan tresorier ‘messire George R.’ en Elisabeth fan Ausbach. Johannes hat twa kear troud west. Syn earste frou Margarita stoar al gau, by syn twadde frou Geertruit Sonck krige er trije soannen: George, Dirk (geastlike) en Loadewyk.

Hy kaam yn de Saksyske tiid nei Fryslân. Tusken 1501 en 1530 beklaaide er hege funksjes. Earst is er keamerhear en riedshear fan hartoch Albrecht. Nei de Ordenung fan 1501 waard hy rintmaster fan de domeinen fan Fryslân. In jier of wat letter skynt er ferfongen te wêzen, mar hy wurdt letter troch Karel V oernomd as rintmaster. Sûnt 1527 hie hy as ried-ekstraordinaris in sit yn it Fryske Hof. Boppedat wie er rintmaster fan It Bilt, dêr't syn broer Philip Rataller grytman wie. Hy hie dy funksje oant 1530, doe't er ferfongen waard troch Gerrit van Loo. Oan 'e ein hied er mear as 4400 Flaamske pûnen skuldich oan de keizer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • DBNL Oer Johannes Rataller
  • Navorscher XLIV (1894) 34-6; A.J. Andreae, Nalezing op de nieuwe naamlijst van grietmannen (Ljouwert 1893) 99 en 131-2;
  • J.S. Theissen - Centraal gezag en Friesche vrijheid (Grins 1907) 27, 36, 81, 83, 143, 148, 152, 204, 230;
  • A. Walther - Die burgundischen Zentralbehörden (Leipz. 1909) 57. Over het geslacht: A.J. Andreae yn De Nederl. Leeuw VI (1888) 31 v.v.
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Rataller, Johannes.