Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Jordaanje

Ut Wikipedy
المملكة الأردنّيّة الهاشميّة
Al Mamlakah al Urdunnīyah al Hāshimīyah
Flagge fan Jordaanje Wapen fan Jordaanje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Jordaanje
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Amman
Steatsfoarm Monargy
Gebiet
% wetter
92.300 km²
0,1­%
Ynwenners (2010) 6.407.085
Munt Jordaanske dinar (JOD)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 25 maaie
Lânkoade JOR
Ynternet .jo
Tillefoan 962

Jordaanje, offisjeel it Hasjemityske Keninkryk Jordaanje, is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Amman en de kening fan de monargy is sûnt 1999 Abdullah II.

Jordaanje wurdt begrinzge troch:

De Jordaan

De haadstêd fan Jordaanje is Amman dat mei 1.430.000 ynwenners ek de grutste stêd fan it lân is. Oare wichtige stêden binne Akaba, Al-Karak, Az-Zarqa, Irbid, Ma'an en Jerash.

It lân is opdield yn tolve gûverneminten.

De wichtichste rivier is de Jordaan, dy't lâns de grins mei Israel en de Westlike Jordaanoere rint en yn de Deade See útmûnet, wat yn feite in mar is. Jordaanje hat fia de Golf fan Akaba in iepen ferbining nei de Reade See en dêrtroch mei de rest fan de wrâld.

Jordaanje beskikt oer in skrok woastyneftich klimaat. Yn it easten wurdt it lân befloeid mei wetter út oases en lytse wetterstreamkes. Yn it westlik heechlân falt mear rein en lizze altyd griene Mediteraanske bosken dêr't oan boskbou dien wurdt.

De fallei fan de rivier de Jordaan skiedt Jordaanje fan de West Bank en Israel. De heechste pyk fan it lân is Jabal Ram dy't op 1,734 meter hichte leit. It leechste part is de Deade See mei -420 meter djipte.

Fierders bestean grutte parten fan it lân út woastyn.

It gebiet dêr't tsjintwurdich de steat Jordaanje festige is hat in lange en romrofte skiednis. It gebiet makke eartiids diel út fan ferskate wichtige beskavings, û.o. fan de Perzen, Griken, Romeinen, Byzantinen en sûnt 1516 de Ottomanen.

Oant 1917 makke Jordaanje ûnderdiel út fan it Ottomaanske Ryk dat yn de Earste Wrâldkriich troch de alliearde striidkrêften oerwûn waard. It gebiet waard doe diel fan it Britske mandaatgebiet Palestina. Op 1 maart 1946 waard it lân formeel ûnôfhinklik en hiet doe Transjordanië ('oer de Jordaan'). Abdullah bin Hoessein waard kening.

Daliks nei it beëinigjen fan it Britske mandaat oer Palestina yn 1948 en de opdieling yn in Joadske en Arabyske steat, oermasteren Transjordaanske troepen Judea en Samaria dy't neffens de plannen ornearre wienen foar de Arabysk-Palestynske steat. Tsjin de Joaden kaam it ta in wapene treffen om de stêd Jeruzalem.

Op 3 april 1949 tekenen Israel en Transjordaanje in bestân en op 24 april 1950 anneksearre it iensidich it besette gebiet en feroare har namme yn Jordaanje. Allinnich it Feriene Keninkryk en Pakistan erkenden dizze anneksaasje, wylst it meastepart fan de Arabyske lannen dat sterk ôfkarden.

Yn 1967 waard de Westouwer troch Israel op Jordaanje ferovere en ta beset gebiet ferklearre (allinnich East-Jeruzalem waard ynlive). In grut part fan de befolking siket in goed hinnekommen yn Jordaanje. Palestynske striders en Jordaanske regeringstroepen falle sûnt dy tiid allegeduerigen de Westlike Jordaanouwer yn. Lykwols ûndermine de Israelyske ferjildingsaksjes en oanfallen op Jordaanje de stabiliteit fan it lân.

As yn de santiger jierren de stabiliteit fan it lân yn gefaar komt, rjochtet kening Hussein bloedbaden oan ûnder de Palestynske befolking fan Jordaanje.

Befolkingstaname fan Jordaanje
  1. WESP: historical demographical data
  2. CIA World Factbook (skatting 2001)