Kadar
Kadar (Ar: قدر) of lotsbestimming is yn de islam ien fan de pylders fan leauwen. It omfiemet de Godlike foarbeskikking. Troch moslim Teologen wurdt hjir lykwols net allegear deselde betsjutting oan jûn.
It fûnemint foar de kadar leit yn de Koran, lykas Soera Hud 123 en inkele Ahadith. Neffens ien fan de tradysjes soe God noch foardat de Skepping dien waard alles optekkene hawwe op in Tafel. Neffens in oare tradysjes sil in ingel foar de berte fan eltse minske festlizze hokker sekse dy krijt, syn bertedei, it wurk wat er dwaan sil en syn stjerdei.
It insha'Allah (fert.: 'as God it wol') kin weromlaat wurde oant de kadar. Neffens de measte teologen beskikt de minske oer in frije wil, mar sil God lang om let beslisse.
Net folslein itselde, mar der wol mei te fergelykjen, is yn it kristendom de Foarsjennichheid fan God.