Kanielmosk
kanielmosk | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Hypocryptadius cinnamomeus | ||||||||||||
Hatert, 1903 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De kanielmosk (Hypocryptadius cinnamomeus) is in sjongfûgel, dy't op 'e Filipinen endemysk is. De soarte is monotypysk yn it skaai Hypocryptadius en de fûgel waard as moskfûgel klassifisearre nei't er earder ynearsten yn 'e famylje fan 'e brilfûgels (Zosteropidae) set wie. De soarte hat in plasse en snaffel dy't op dy fan 'e moskfûgels lykje en nei in stúdzje fan it DNA en skeletmateriaal dielde de Deenske soölooch Jon Fjeldså en kollega's de soarte as in apart skaai fan 'e famylje moskfûgels yn.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is kanielkleurich op 'e krún en rêch en hat donkere rânen oan 'e wjukken en sturt. De kiel, it boarst en de sydkanten binne giel oant oranjegiel en nei de búk en de ûnderkant fan 'e sturt giet it mear op wyt oer. It each is oranjeread en de poaten en snaffel binne griis.
De soarte is ynklusyf de sturt likernôch 15 sm lang. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin grutte ferskillen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kanielmosk komt allinne lokaal op it eilân Mindanao yn it suden fan 'e Filipinen foar. Syn biotoop bestiet út tropyske fochtige montane- en submontane dizewâlden boppe de 1000 m. De fûgel libbet yn groepen of tegearre mei oare fûgelsoarten.
Iten en fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet út ynsekten, dy't er op tûken en blêden yn 'e beammen siket. Oer it brieden is fierder neat bekend.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens IUCN wurdt de fûgel net bedrige. It ferspriedingsgebiet is beheind, mar oannommen wurdt dat de fûgel dêr algemien foarkomt. De populaasje nimt lykwols ôf troch it ferlies fan biotoop troch legale en yllegale houtkap, mynbou en it oanmeitsjen fan boulân troch de slash-and-burn-metoade.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|