Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Kanon (wapen)

Ut Wikipedy
In kanon.

In kanon is in swier fjoerwapen yn 'e foarm fan in stik geskut dat in projektyl yn in rjochte of frijwol rjochte baan op in doel ôfsjit. Sadwaande wurdt ek wol sprutsen oer flakbaangeskut. De term 'kanon' komt fan it Italjaanske cannone ("grutte buis" of "grutte koker"), fan it Latynske canna, dat wer fan it Aldgrykske κάννα, kanna, komt, dat "reid" betsjut. Kanonnen fariëarje kwa kaliber, berik, mobiliteit, fjoerfaasje en fjoerkrêft. Se foarmje it wichtichste wapen fan 'e artillery, dat in ûnderdiel fan 'e lânmacht is. In legerôfdieling dy't tarist is mei kanonnen, wurdt in batterij neamd. In soldaat dy't in kanon betsjinnet, is in kanonnier. Ek de marine en de loftmacht beskikke oer kanonnen, dy't op of oan oarlochsskippen, resp. strieljagers montearre binne.

Yn it ferline, foarôfgeande oan 'e útfining fan reekswak krûd yn 'e njoggentjinde iuw, waard buskrûd brûkt om 'e gemyske driuwkrêftûntbrâning te berikken dy't it ôfsjitten fan in kanon mooglik makke. De ûntdekking fan it buskrûd yn Sina wie sadwaande de katalysator dy't de ûntwikkeling fan fjoerwapens mooglik makke. It is net alhiel dúdlik wannear't it kanon krekt ûntstien is; de ierste ôfbylding fan in kanon datearret út 'e tolfde iuw, mar it ierste ûnderboude argeologyske en dokumintêre bewiis foar it bestean fan sokke wapens giet net fierder werom as de trettjinde iuw. It âldste noch besteande kanon is it Brûnzen Kanon fan Wuwei, dat yn 1227 makke waard.

Kanon bij de Halvemaanspoortbrêge yn Dokkum.

Tsjin 'e fjirtjinde iuw wie it kanon fia de Siderûte trochkrongen yn it Midden-Easten en Jeropa, dêr't it yn 'e striid ynset waard sadree't de technology der bekend rekke. Tsjin 1400 omfette de fersprieding fan kanonnen hiel Jeraazje. Sokke wapens waarden yn 't earstoan benammen ynset tsjin ynfantery, oant men ûntdiek dat se ek skoan troch fersterke muorren hinne sjitte koene. De âldste Jeropeeske beskriuwing fan in kanon dat in kastielmuorre ferwoastge, komt út 1374. De ierste Jeropeeske kanonnen waarden bombardes neamd; dêrfandinne de term 'bombardemint'. Om har effektiviteit as belegeringswapens te fergrutsjen, krigen kanonnen in almar gruttere omfang. Yn 1464 waard yn it Osmaanske Ryk in reuseftich kanon fan 16 ton makke dat bekend kaam te stean as de Grutte Turkske Bombarde.

Ek op see waard it kanon op grutte skaal ynfierd. Fan 'e sechstjinde iuw ôf waarden frijwol alle oarlochsskippen dermei tarist. De kanonnen waarden oan board faak oer de folle lingte fan 'e sydkant fan it skip opsteld, soms op ferskate dekken. De skippen beskeaten inoar dan by it foarbyfarren, wêrby't ûnbidige skea oanrjochte wurde koe op it fijannige skip yn in tiid dat alle skippen noch fan hout makke wiene.

Frânske kanonniers ûnder de Frânsk-Dútske Oarloch fan 1871-1872.

De ynfiering fan it affuit, in ferrydber ûnderstel, yn 'e twadde helte fan 'e fyftjinde iuw, makke it kanon folle mobiler en dêrmei foar it earst ek gaadlik om op grutte skaal as fjildartillerywapen ynset te wurden. Bombardes wiene hiel koarte wapens mei in grutte diameter fan 'e loop, mar doe't kanonnen faker ferpleatst waarden, krigen se om 1480 hinne yn Jeropa harren langere, lichtere en effisjintere 'klassike' foarm. Mei lytse oanpassings bleau dat type kanon yn gebrûk oant de modernisearring fan 'e oarlochfiering oan it begjin fan 'e tweintichste iuw fernijings needsaaklik makke. Moderne ferzjes fan it âlde kanon binne it meganisearre geskut en de tank.

In kanon bestiet út ien of mear lopen. De loop is in kokerfoarmige sjitbuis, dy't almeast rêst op in ferrydber ûnderstel, de affuit. It projektyl, yn earder tiden in kanonskûgel, wurdt ôfsketten troch it gebrûk fan buskrûd (foarhinne) of reekswak krûd (no) dat ta ûntbrâning brocht wurdt. Ofhinklik fan 'e wize dêr't in kanon op laden wurdt, sprekt men fan foarladers en efterladers. Histoaryske kanonnen wiene allegear foarladers, dy't oan 'e efterkant ticht wiene mei inkeld in lyts gatsje, it sundgat, om in lont yn it buskrûd te bringen. Moderne kanonnen binne allegear efterladers, dy't oan 'e efterkant iepenmakke wurde kinne om 'e munysje yn te bringen.

In brûnzen skipskanon, opdûkt by Skylge.

Kanonnen binne flakbaangeskut. Om it projektyl yn in flakke ballistyske baan ôf te fjurjen, is ferlet fan in hege begjinfaasje. Dy wurdt berikt troch in grutte lingte fan 'e loop yn ferhâlding ta de diameter (fan 'e loop). De diameter is teffens it kaliber, dat brûkt wurdt foar it bepalen fan 'e swierte fan fjoerwapens. By kanonnen moat de ferhâlding tusken de lingte en de diameter fan 'e loop minimaal 15:1 wêze. By in legere ferhâlding is de begjinfaasje fan it projektyl te leech om in flakke sjitbaan mooglik te meitsjen. Oare foarmen fan geskut, dy't wol in koartere loop hawwe kinne, binne krombaangeskut (oftewol houwitsers, dy't sterk op kanonnen lykje) en steilbaangeskut (oftwol mortieren, dy't folle lichter binne).

Troch de hjittens en de krêft dy't mank giet mei it ôfsjitten fan in kanon ûntstiet metaalwurgens. Dat betsjut dat it hiele kanon ekplodearje kin as it te faak ôfsketten wurdt. Dat probleem waard al ier ûnderkend. Mei in kanon mocht dêrom yn it ferline net mear as in beskaat tal skotten lost wurde. Dêrnei waard it kanon 'ferneile': der waard in oermjitse leadene kûgel yn slein, dy't de loop blokkearre, en yn it sundgat waard in spiker (neil) slein. Sokke ferneile kanonnen waarden neitiid as skroat ferkocht, of soms as sierobjekt delset. Ferneiljen waard ek mei kanonnen dien dy't, by in nederlaach, yn 'e hannen fan 'e fijân drigen te fallen. Dêrtroch wiene se ûnbrûkber en hie de fijân der neat oan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.