Kattegat
Appearance
Kattegat | ||
geografy | ||
type wetter | see-ingte | |
lokaasje | tusken noardeastlik Jutlân en súdwestlik Sweden | |
lân | Denemark Sweden | |
koördinaten | 56°30′ N, 11°30′ E | |
ûnderdiel fan | Noardsee | |
sifers | ||
maks. lingte | 182 km | |
maks. breedte | 136 km | |
oerflak | 30.000 km² | |
djiptegemiddelde | 26 m | |
djipste punt | 109 m |
It Kattegat (Sweedsk: Kattegatt, Deensk: Kattegat) is de brede seestrjitte tusken Denemark en Sweden. It wetter hat in oerflakte fan 22.000 km².
Ferbining tusken Noardsee en Eastsee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kattegat is it middelste part fan de ferbining tusken de Noardsee en de Eastsee. Dy ferbining rint troch it Skagerrak, it Kattegat en dêrnei de trije ferbinings om de Deenske eilannen hinne: de Sont, de Grutte Belt en de Lytse Belt.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Kattegat komt fan Nederlânske seelju en betsjut kattelûkje of neare trochgong. Deselde namme wurdt ek yn de measte oare talen brûkt, by guon talen wat oars stavere om de útspraak.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kattegat fan Wikimedia Commons. |