Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Kleasterfeart

Ut Wikipedy

De Kleasterfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De kleasterfeart rint nei in kleasterterp fan Aldekleaster by Hartwert nei de omkriten fan Boazum. Tsjintwurdich is de feart it westlike ferlingde fan de Hidaarder Feart by Hidaard nei de Boalserter Feart. Oan de Alde Kleasterfeart stiet de wynmotor Hartwert.

De namme Kleasterfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Kloostervaart.