Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Kobe Tai

Ut Wikipedy
Kobe Tai
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Brooke Young, Blake Young,
Carla Scott
echte namme Carla Scott Carter
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 jannewaris 1972
berteplak Taipei (Taiwan)
etnisiteit Taiwaneesk Hokkineesk
Japansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19962000 & 2001
offisjele webside
www.kobetai.com

Kobe Tai, echte namme: Carla Scott Carter (Taipei, 15 jannewaris 1972), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Taiwaneesk-Japansk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Brooke Young, Blake Young en Carla Scott. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m, mei in gewicht fan 41 kg.

Kobe Tai waard yn 1972 berne yn 'e Taiwaneeske haadstêd Taipei, dêr't se as poppe yn in weeshûs belâne. Yn 1974 waard hja oannommen troch in Amerikaanske famylje, wêrnei't se nei de Feriene Steaten ta brocht waard, en de Amerikaanske nasjonaliteit krige. Har pleechheit, dy't in marine-ofsier wie, wie stasjonearre yn San Diego, yn súdlik Kalifornje, en dêr brocht Tai har iere jonkheid troch. Yn 1977, doe't se fiif jier wie, ferfear it gesin, dat behalven sysels en har pleechâlden bestie út in âldere pleechsuster, nei in lyts plakje yn 'e steat Arkansas, dêr't se de rest fan har bernetiid en tinerjierren wenne. Hja waard strang grutbrocht, en neffens harsels wie dat de wichtichste reden foar it feit dat se net earder as doe't se santjin jier wie, foar it earst mei in jonge sliepte.

Nei't Tai de middelbere skoalle ôfrûne hie, sette se útein mei in stúdzje kommunikaasjekunde oan 'e Universiteit fan Arkansas te Little Rock, wylst se ek op piano- en fluitles siet. Mar in jier foar't se ôfstudearje soe, waard har doetiidske freon as manager fan in filiaal út in restaurantkeatling oerpleatst nei Cleveland, yn 'e steat Ohio, en Tai besleat om har stúdzje deroan te jaan en mei te ferhúzjen.

Yn Cleveland fûn hja in baan as bernefamke, mar nei't se in healjier yn dy hoedanichheid wurke hie, besleat se as topless dûnseresse yn 'e stripklub Tiffany's Cabaret te begjinnen, mei't se dêrmei folle mear fertsjinje koe. Doe't yn 1996 de pornoaktrise Sunset Thomas yn dy klub optrede, frege dy har oft sy ek net yn 'e pornoyndustry wurkje woe. Troch Thomas har bemiddeling koe Tai koarte tiid letter in lukratyf kontrakt ôfslute mei de foaroansteande pornostudio Vivid Entertainment.

Tai ferfear nei yn Los Angeles, dêr't se noch datselde jiers, op har 24ste, har debút makke yn in pornografyske film, ûnder de skûlnamme Blake Young. Oan it begjin fan har pornokarriêre die se fral lesbyske sênes en posearre se foar neakenblêden, mar neigeraden dat se minder skruten waard, begûn se ek sênes mei manlike akteurs te dwaan. Yn 1997, nei't se de namme Kobe Tai oannommen hie, begûn se yn gruttere produksjes te spyljen en krige se bekendheid ûnder de fans.

Kobe Tai yn 'e njoggentiger jierren.

Yn 2000 ferliet Tai de pornoyndustry om't se yn ferwachting rekke fan har earste bern. Nei't se oan 'e ein fan dat jier in jonkje te wrâld brocht hie, makke se yn 2001 in tydlike comeback mei de film Jenna Loves Kobe. Dêryn die se allinnich in lesbyske sêne mei kollega-aktrise Jenna Jameson, wêrby't trouwens dúdlik waard dat se yn 'e tuskentiid ek in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hie. Jenna Loves Kobe waard opnommen yn desimber 2001 en útbrocht yn 2003. It wie Kobe Tai har lêste pornofilm. Yn totaal hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) 88 films makke, de measten foar Vivid Entertainment, en dêrmei hat se twaris nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld).

Mainstream-karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har pornokarriêre figurearre Kobe Tai ek yn 'e mainstream-film Very Bad Things, wêryn't se in stripper spilet dy't by fersin de dea fynt op in frijgesellefeest. Fierders die se op 'e Amerikaanske tillefyzje mei oan programma's as The Man Show en The Helmetcam Show, en wie se eftergrûnsjongster by it nûmer New Model No. 15, op it album Mechanical Animals, fan rockstjer Marilyn Manson. Ek figurearre se mei ûnderskate oare pornoaktrises yn 'e skateboarding-fideo The End, produsearre troch skateboardfabrikant Birdhouse. Ta ein beslút liende se har stim oan in personaazje yn 'e tekenfilm Koihime, en wie se sadwaande de earegast op 'e iepeningsjûn fan it Big Apple Anime Fest, yn New York, yn oktober 2001.

Op 16 novimber 1996 troude Tai mei kollega-pornoakteur Mark Davis, mei wa't se yn 'e kunde kommen wie op in jierdeisfeest. Letter fertelde se yn in fraachpetear dat it leafde op it earste gesicht west hie. Under de trije jier dat se mei Davis troud wie, beheinde se it tal heteroseksuële sênes dat se mei oare manlju die, hoewol't se geregeldwei mei har man yn in film spile. It houlik einige yn 1999 yn in skieding.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2000 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (film) (mei Cheyne Collins, Evan Stone en Andrew Youngman) The Awakening
nominearre bêste byrol fan in aktrise (film) The Awakening
XRCO Award nominearre bêste aktrise (yn ien bepaalde rol) The Awakening

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.