Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Kollumer Fearhûs

Ut Wikipedy
It Kollumer Fearhûs anno 2010

It Kollumer Fearhûs is in monumintaal gebou oan de Keppelstrjitte yn Dokkum.

It pân stiet op de hoeke fan de Keppelstrjitte, it Suderbolwurk en de Strobossersteech yn Dokkum. It hûs mei de mitsele trepgevel is grif healwei de 17e iuw boud. It hûs stie oan de bûtenrâne fan de âlde binnenstêd tichtby de eardere Wâldpoarte en de stedswâl. Foar 1832 wie it in wenhûs ûnder mear fan Jan Lolkes Suiderbaan, in abbekaat by it Hof fan Fryslân. Yn it pân binne noch resten fan it ynterieur út de 18e iuw bewarre bleaun. Om 1832 krige it pân de funksje fan herberch en kofjehûs. Om de geunstige lizzing by de oanlissteigers foar de trekskûten nei oare Fryske plakken makken benammen de passazjiers fan dizze skippen gebrûk fan it fearhûs. De horekafunksje hat it pân holden oant yn de twadde helte fan de 20e iuw.
Yn 1963 krige de Feriening Hendrick de Keyser it pân, dat erkend is as ryksmonumint, yn eigendom. Yn 1967 waard it Fearhûs troch him restaurearre en it wurdt sûnttiids troch de feriening ferhierd.

Foar it eardere fearhûs oer, op de oare hoeke fan de Keppelstrjitte en it Suderbolwurk, stiet in oar monumintaal pân, it eardere brêgewachtershûs.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: